Neef en nicht – ferhaal

augustus 11, 2018 10:32

Neef en nicht

Ferhaal út it deiboek fan Richtsje Bos-de Boer*

Sûnt ik ferline wike op begraffenis west haw fan myn neef Hindrik, moat ik dêr hieltyd oan werom tinke. In ferkrongen stikje fan myn ferline kringt him no hieltyd wer oan my op. Dêrom dat ik besykje om it fan my ôf te skriuwen.

It wie yn de fyftiger jierren. Ik wie santjin. Nei de ulo yn Dokkum en de foarmingsklasse yn Ljouwert, wist ik net wat ik fierder soe, de ferpleging yn of foar beukerjuffer leare. Us mem-en-dy tochten, ik koe ek wol in jier wachtsje. Der soe altyd wol oanslach foar my wêze en dan koe ik wyls wat langer oer myn takomst neitinke.

Krekt yn dy tiid krige mem berjocht dat it mei har âldste suster, muoike Geartsje yn It Heidenskip, net sa goed gie. Se moast kuere en in soad lizze. Der moast help komme. Mem tocht, dat wie wol wat foar my. Oan de iene kant like it my ek wol wat, want de krite boppe Dokkum, dêr’t ús heit-en-dy boer wiene, wie ik wol wat op útsjoen. Oan de oare kant seach ik der dochs wol wat tsjinoan. As skoalfamke hie ik ris by muoike Geartsje en omke Wibe útfanhûs west. Ik hie der doe net folle oan fûn, want ik ferfeelde my dêr. Se hiene mar ien jonge, Hindrik, dy’t in stik âlder wie as ik. Dy woe net mei my boartsje. Sy wennen dêr krekt sa op ’e romte as wy, dat yn ’e buert wie ek net ien dêr’t ik mei boartsje koe. No lei de situaasje oars fansels. As ik dêr no hinne gie, kaam ik net útfanhûs, mar moast ik mei oanpakke. Ik besleat om it te dwaan.

Telefoan hiene wy net en muoike-en-dy trouwens ek net, dat mem skreau werom dat it oangean soe. Ik socht de klean byinoar dy’t ik meinimme woe. It wie noch simmer, mar ik moast der fansels wol rekken mei hâlde dat ik ek waarmere klean meinimme moast. Mem frege yn de brief oft omke my by  stasjon Warkum ôfhelje koe. Dy hie in auto, wy net. Heit soe my op ’e brommer nei Dokkum bringe.

In pear dagen letter gie ik op reis. Mei de NOF-bus fan Dokkum nei Feanwâlden, mei de trein nei Ljouwert en oerstappe op de trein nei Starum. Wat in moaie reis, foaral it lêste stik. Omke Wibe stie my al op te wachtsjen. Wy rieden nei de pleats. Muoike lei op bêd en Hindrik wie it lân yn. Dy soe ik om fjouwer oere sjen, as de manlju om tee en in brochje yn ’e hûs kamen. Omke sei dat ik, as muoike om in oere of trije de sliep út hie, mar nei de sliepkeamer gean moast. Dan koe se mei my it ien en oar oer it húshâlden beprate. Ik seach yn de keuken dat ik daliks al wol oan ’e slach koe. Op it oanrjocht stie de ôfwask op my te wachtsjen.

Tsjin fjouweren kamen omke en Hindrik en in arbeider yn de keuken om tee. Ik hie útrekkene dat Hindrik no 22 jier wêze moast. Nei de útfanhûzerij hjir hie ik him noait wer sjoen. Troch de grutte ôfstân wie der net safolle kontakt oer en wer. Us heit en mem en de omkes muoikes giene ien kear yn it jier in dei nei Warkum om beppe har jierdei te fieren. Pake wie al stoarn. Myn neven en nichten, dy’t allegear yn de súdwesthoeke wennen, sille inoar wol wat faker sjoen hawwe, mar ik hie suver gjin gedoente mei de famylje oan memmekant.
Hindrik wie in aardige jongkeardel. Hy wie fan skoalle ôf fuort by omke oan it wurk gien. Underwilens hie er nei de lânbouskoalle west, mar dat wie mar ien of twa dagen yn ’e wike en hy hie in lânbouwinterkursus folge. Omke sei dat ik healwei melkerstiid wol by de jister komme koe om molke foar yn de keuken. Dêr hie muoike it ek al mei my oer hân. Om healwei seizen hinne gie ik mei it molke-ammerke nei de jister. Hindrik kaam krekt mei in amerfol om dy yn de tsjems te leegjen. Dy holp my efkes en wy makken in praatsje. Dochs wol aardich om ien te hawwen dêr’t ik ris wat mei prate koe.

De dagen dêrop rekke ik geandewei mear thús op de pleats. Muoike koe harsels wol rêde. Ik hoegde har net te ferpleegjen. Dat soe trouwens wol in te drege opjefte foar my west hawwe. Wat har krekt skeelde is my noait rjocht dúdlik wurden. Dokter kaam ien kear wyks, mar der waard mei my net oer praat. Ik die de húshâlding, mei alles wat dêr yn dy tiid op in pleats by hearde. De winkelman en de bakker kamen oan ’e doar. Yn de kelder wie fleis by ’t soad en griente kaam fan de eigen tún. Dêr rêden omke of Hindrik mei. Ik hoegde der dus net op út om te boadskipjen. As der wolris wat komme moast, gie Hindrik mei my op de motorfyts, meastal nei Koudum, mar ek wolris nei Warkum.

Muoike iet meastentiids wol mei ús yn de wenkeuken. Fierder lei se in soad op bêd. Omke wie faak fuort. Hy siet yn alderhande bestjoeren, begriep ik. As er dêr oerdeis hinne moast, liet er it wurk oan Hindrik en de arbeider oer. De manlju kamen moarns nei melken yn ’e hûs om tee en in brochje. Kofjedrinkerstiid en middeis mei de tee ek wer. Dan wie de arbeider der ek by. Dy man siet net folle praat by. Hindrik wie de gesellichste prater. Dêr mocht ik wol oer. Tsjintwurdich soene je sizze dat it wol mei him klikte. As ik jûns by de jister om molke kaam, praten en gekjagen wy wol gauris wat, oant er sei dat er wer gau ûnder de ko moast. Ik krige yn ’e gaten dat omke net fernimme moast dat er syn tiid stie te ferpraten.

It ferbliuw en myn wurk op de pleats foldiene my skoan, mar nei in wike of seis woe ik ek wolris wer nei ús heit en mem ta. Dêr hiene omke en muoike it ek al oer hân, die bliken. Se hiene tocht dat ik der op in snein wol mei Hindrik op de motor hinne koe. Sa hiene se it ek al mei him bepraat. As my dat goed like, dan moast dat mar wêze. Muoike hie betocht, ik koe de sneons in panne sop siede en de sneintemoarns foar it fuortgean in panne rys. Dy koe dan waarm holden wurde yn it bêd fan Hindrik. Dat wie yn it gongsbedstee, fuort by de keuken. Omke koe him dêr wol mei rêde. Omke en de arbeider koene foar in kear wol mei harren twaen melke. No, dat like my goed ta, as it teminsten net te kâld wêze soe, achter op de motor. Ik skreau fuort in brievekaart nei ús mem-en-dy, dy’t ik de oare moarns oan de postrinner meijoech.

It waard in gesellige snein. Nei teedrinkerstiid setten wy wer ôf. Hindrik like it moai ta om op ’e weromreis in slach troch Gaasterlân te riden. Foar my soe dat ek aardich wêze, want dêr hie ik noch noait west. Op in stuit sloech Hindrik in boskpaad yn. Nei in skoft hold er ho. Nei sa’n lange sit wie it noflik om ús efkes te fertraapjen. Ik fûn it prachtich, in leane mei hiel hege beammen. Wat in aparte, suver mysterieuze sfear. Hindrik krige my by de hân beet en letter sloech er de earm om my hinne. Ik wist net wat my oerkaam, mar ik joech my der hielendal oan oer. Wy genieten fan de stilte en faninoar. “Hast it tink wol fernommen”, sei Hindrik, “ik bin wiis mei dy, ik hâld fan dy.” Eins hie ik it wol oankommen field. It gie my krektsa. Ik joech him in tút en hy tute my, ferheftich. Wy stiene dêr in hiel skoft en fielden ús beide lokkich. Op it lêst sei ik: “Wy kinne hjir net bliuwe, wy moatte wer nei jim heit en mem. Mar hoe moatte wy fierder? Sille wy it earst mar wat stil hâlde?” Sa praten wy ôf. Omke en muoike moasten it mar net witte, want dat soe grif swierrichheden jaan. Wy rieden nei It Heidenskip. Ik koe fuort wer oanpakke, want omke wie klear mei it melken en kealleboarnen. Under it jûnsiten fertelden wy oer ús besite en de nijtsjes dy’t ik opdien hie, mar dat wy ek yn Gaasterlân west hiene, holden wy foar ús.

In pear wike letter wie omke nei de feemerk yn Snits en dêrnei moast er nei in gearkomste. Tsjin melkerstiid soe er thúskomme. Hindrik en de arbeider wiene it lân yn om te hekkeljen. Hindrik kaam tusken de middei thús om iten. Wy sieten mei ús trijen oan de tafel. Doe’t ik nei it ôfwaskjen it tafelskleed bûtendoar útslaan soe, spaande Hindrik noch yn de skuorre om. “Moatst net te hekkeljen?”, frege ik. “Ik wol dy earst noch efkes oankrûpe”, sei er. “Lit ús yn it hea gean.” Oer de lytsbûthússouder kamen wy maklik op de ûnderste golle; dy wie net sa heech. Wy flijden ús yn it hea del en tuteboarten dat it sawat die. It duorre net sa botte lang, doe hearden wy de skuordoar iepengean. Wy holden de siken yn. Wa soe dêr wêze? Oan de stap wie te hearren dat it omke wie. Earder thúskommen dus. Hy gie nei de keuken, mar kaam daliks werom. “Hindrik, bisto hjir?”, en doe’t it stil bleau nochris “Bisto hjir, Hindrik?” Ik fielde de spanning. Hindrik wist net hoe’t er it hawwe moast. Doe’t omke ek noch yn it bûthús sjoen hie, rôp er wer. Hindrik gie oerein en rôp fan de bûthússouder of: “Ja, ik bin hjir. Ik hie my nei iten efkes deljûn en doe haw ik de sliep krige.”  Hy gie by de ljedder del en sei dat er gau it lân yn soe. “Is Richt yn ’e hûs?”, frege omke. Hindrik bearde dat dat wol sa wêze soe.

Doe’t it allegear stil wie, makke ik dat ik ek ûnder kaam. Ik stapte mei it tafelskleed oer de earm de keuken yn. Nei in skoftke kaam omke út de foarein wei. Hy hie him ferklaaid en soe ek wer oan it wurk. “Ik frege my al ôf wêr’tsto wiest”, sei er. “Ik haw by de hinnen sjoen en doe haw ik ek noch it hôf yn west”, reagearre ik, mar ik fielde dat de wangen my gleon waarden. Omke gie derút. Ik wie bliid dat it sa ôfrûn.

Jûns nei iten sieten de manlju te krantlêzen en ik te breidzjen. Nei in skoftke sei omke: “As ik my net fersin binne jimme wakkere grut mei-inoar. Dat gefoel hie ik al langer, mar doe’t ik fan ’e middei seach dat Richt nochal wat heastûken yn it fest hie, wie it my wol dúdlik dat dy dêr net yn it hôf yn kommen wiene. Ik haw it der niis mei muoike oer hân. In fereale pearke ûnder ien dak, dat kin neat wurde, alteast hjir net. En jimme kinne wol tinke ‘neef en nicht frijt licht’, mar ik sis jim: “Nicht en neef frijt skeef. Hindrik bringt Richt moarn op de trein en as er dat net wol, doch ik it.”

Sa is it kommen. Nei in minne nacht brocht Hindrik my de oare deis nei Warkum ta, dat wy koene yn alle freonskip ôfskied nimme, mar ik fielde my in ferstjitteling. Gelokkich fongen ús heit en mem my goed op. Mem hat troch bemiddeling fan in freondinne der daliks wurk fan makke dat ik noch nei it opliedingsynternaat foar húshâldlearares koe. Dat wie yn Zetten yn de Betuwe. Ik waard oannommen, ek al wie it skoaljier al begûn. Nei dy oplieding kaam ik oan in húshâldskoalle yn Emmen. Dêr haw ik jierren lesjûn. Doe’t ik in auto hie kaam ik wat faker yn Fryslân as wol west hie, mar it kontakt mei neven en nichten is alhiel ferwettere. It gefoel dat ik ferstjitten wie rekke ik net kwyt. Ik wie bang dat der in ferhaal yn de famylje omgong, in ferhaal dêr’t ik my foar skamme. Ik, it swarte skiep. Hie ik my dêroer hinne sette moatten?

Dochs haw ik der gjin spyt fan dat ik mei Tsjitske nei de útfeart gien bin. Fan Hindrik stie in foto op de kiste. Ik koe him der net fan werom. In rige bern en oantrouden stie om de kiste hinne en dêrefter yn de banken de bernsbern, guon faaks ek al wer troud. By it kondolearjen haw ik my foarsteld as in nicht fan harren heit, mar ik tink net dat it harren wat sei. Yn de tsjinst waarden oantinzen ophelle. Hindrik wie al in skoft widner, begriep ik. In waarme húshâlding moat it west hawwe. Dêr wie ik jaloersk op. Soks mocht Heine en my net barre. De neisit hawwe wy net hinne west, dêr koe ik de moed net foar opbringe. De fierdere famylje, ik koe se net. Lit it sa mar. It sil wol wer ôfsakje.

* Us muoike Richtsje (1940-2016) hat sûnt se út it wurk wie deiboeken byholden. Se wenne doe al allinne, want omke Heine is betiid stoarn. Se hiene gjin bern. Dy deiboeken fûn ik, doe’t ik twa jier lyn har hûs leechromme. Boppesteand ferhaal hat se yn 2013 oan it papier tabetroud, nei’t se yn febrewaris har neef Hindrik yn Koudum te hôf brocht hie. Har suster (myn mem) hie yn de krante lêzen dat er stoarn wie. Tegearre hawwe se dêrhinne west. Muoike skreau knap Frysk, mar yn de âlde stavering. Dy haw ik oanpast en, om it te anonimisearjen, de nammen feroare.
Drachten, A.L.

Neiskrift redaksje
In lêzer, dy’t anonym bliuwe wol, stjoerde ús boppesteand ferhaal. Mear ferhalen binne tige wolkom. Binne jo ûnwis oft it wol flaterfrij Frysk is? Gjin probleem, de redaksje hellet de flaters derút.

augustus 11, 2018 10:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben augustus 11, 16:29

    Moai ferhaal.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.