Frijskatting liening ECR Kening State

augustus 3, 2018 09:45 Fernijd

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat besletten ta frijskatting fan de liening oan ECR Kening State yn Frjentsjer.

ECR Kening State Frjentsjer (foto: Wessel van Wieren)

De liening fan € 2,5 miljoen oan European Care Residences (ECR) foar de fêstiging Kening State yn Frjentsjer (earder Grut Lankum) wurdt ûnder betingsten frijskat. Dêrmei wurdt in fallissemint fan it lanlik operearjende ECR (600 meiwurkers) te foaren kaam en kinne de soarchtaken kontinuearre wurde foar de fêstiging yn Frjentsjer.

ECR wurdt oernaam troch Blueprint Group. Oer de betingsten fan it frijskatten fan de foardering hat de Provinsje ûnderhannele. Dat hat resultearre yn in saneamd anty-spekulaasjebetingst en in ynvestearringsbetingst.

In wiidweidige taljochting op it beslút is te finen yn de taheakke brief oan Provinsjale Steaten.

augustus 3, 2018 09:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.