Ynternasjonaal Topturnjen yn Thialf

july 9, 2018 17:26

foto: Martin de Jong

Thialf stiet yn july foar it earst yn it teken fan topturnjen. Yn oanrin nei it Europeesk Kampioenskip yn Glasgow, is de iishockeyhal fan Thialf omfoarme ta in turnarena. Net allinnich Nederlânske masters as Epke Zonderland en Sanne Wevers, mar ek topturners út ûnder mear Japan, Grut-Brittannië en België dogge mei oan ynterlânwedstriden dy’t op 7, 8 en 14 july binne yn Thialf.

Fan ynternasjonaal topreedriden nei ynternasjonaal topturnjen, it is allegear op dé topsportlokaasjie fan Thialf. DG – The Thialf Summer Challenge is in inisjatyf fan Topsport Noard yn gearwurking mei de KNGU (Dutch Gymnastics). Mei-inoar organisearje se yn Thialf ferskate trainingen en wedstriden en dêrby de ynterlânske ek. Bekende nammen as Nina Derwael, medaljewinneres fan it EK en WK yn 2017, dogge dêroan mei.

Neffens Gerben Wiersma, de Nederlânske bûnscoach fan Turnen Dames, is de turnmoanne yn Thialf dé ultime tarieding op it EK yn Glasgow. “It is de earste kear yn Nederlân dat de turn(st)ers de mooglikheid hawwe om foar in langer skoft gebrûk te meitsjen fan in poadium, yn kombinaasje mei tastellen yn de foarm dy’t se op it EK oantreffe.” Dêrneist kin der ek gebrûk makke wurde fan fasiliteiten as de atletelounge en fitnessromte fan Thialf. De ynterlânwedstriden yn Thialf wurde neffens Wiersma ek spektaculêr fanwegen de dielnimmende lannen. “Alle dielnimmers hearre by de top 8 fan lannen dy’t kâns meitsje op medaljes op de Olympyske Spullen, dy’t oer twa jier yn Japan holden wurde.”

Thialf direkteur Marc Winters is ek tige entûsjast oer de ferbreding fan it topsportkarakter yn Thialf.

“De turnmoanne is goed foar de profilearring fan Thialf as ynternasjonaal topsportlokaasje. En we litte sjen dat we folle mear mei de iishockeyhal kinne as allinnich mar iishockeye’. Willem Veldman, direkteur Topsport Noard, is it dêrmei iens: “De iishockeyhal fan Thialf is in ideale lokaasje foar topturneveneminten troch de omfang, sawol foar it poadium en de tastellen as foar it publyk.”

The Thialf Summer Challenge duorret noch oant en mei 25 july. Kaarten binne te krijen fia www.kngu.nl

july 9, 2018 17:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.