Yn Grinslân wurdt struid

july 26, 2018 14:35

Foto: Wikipedia/Heidas (Creative Commons)

Mei tropyske temperatueren ride yn East-Grinslân de struiweinen út. Se struie ek sa’t se dat winterdeis dogge: it pikel giet oer it asfalt.

Dat is fansels net omdat it izele hat. It sâlt lûkt wetter út de lucht oan en dat kuollet de dyk wat ôf. Boppedat makket it de dyk wat rûger. De hege temperatueren soargje derfoar dat asfalt sêft en plakkerich wurdt. It wurdt dêrtroch maklik stikken riden, mar it kin ek skuon en bannen skansearje. Húsbisten kinne oan ‘e poaten ferwûne reitsje as se oer it hite, plakkerige tar hinne rinne.

Net allinne yn Grinslân wurde de struiweinen ynset om de diken stroef te hâlden: yn Arnhim en Assen wurde se dêr ek foar brûkt.

july 26, 2018 14:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.