Ymmaterieel Erfskip

july 30, 2018 08:00

Sint-Piter. Foto commons.wikimedia.org /Erna Schuiterman

Begjin july fan dit jier wie yn it nijs dat trije tradysjes fan ymmaterieel erfskip út Fryslân byskreaun wiene yn de ‘Inventaris Immaterieel Erfgoed Nederland’Dat wiene it Fierljeppen, it Sint-Piterfeest yn Grou en de Strontwike. Wat hâldt dat yn? En wa kediist dêroer?

Redaksje

Wat ús troch ús foarâlden neilitten is neame wy ús âldfaars erf, erfskip of erfgoed. Dat kin materieel wêze (bouwurken, klaaiïng, sieraden, ark), mar ek ymmaterieel lykas gebrûken, tradysjes en feesten. Der hawwe tiden west dat der net folle achting wie foar wat ‘út de tiid’ wie en gjin praktysk nut hie, mar der is ek in stribjen nei ‘rêden wat noch te rêden is’.

It Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed Nederland (KIEN) is ít oanwiisde ynstitút dat him dwaande hâldt mei net-taastber âldfaars erf yn ús lân. It set him derfoar yn dat sok erfskip sichtber makke wurdt en bliuwt, dat groepen en yndividuën dy’t dêr noed foar steane begelaat wurde en dat de eftergrûn fan dy tradysjes ûndersocht en trochjûn wurdt. Ymmaterieel erfskip past him oan oan tiid en omstannichheden en wurdt yn aloan feroarjende foarmen beoefene. Tink oan optochten, feesten, rituelen, alderhande tradysjes en sosjale gewoanten of bysûndere kennis en/of ambachtlike feardichheden. Se binne in ferbinende faktor foar de mienskippen dy’t se, faak mei passy en op frijwillige basis, beoefenje en har dêrmei identifisearje.

Fanwegen syn foarm liket sok erfskip kwetsber. It kin wol beskreaun of filme wurde, mar dêrmei wurdt mar in part fan de kennis en feardichheden fêstlein. En dan is it ek noch mar in momintopname, wylst it yn essinsje krekt libbet, feroaret en trochjûn wurdt fan beoefener op beoefener. Koartsein, as der gjin minsken binne dy’t it útfiere en trochjouwe, rekket it wei.

Strontrace Warkum-Warmond. Foto © KIEN, Arnhim

Unesco
It Ferdrach fan de Unesco om it Ymmaterieel Kultureel Erfskip te beskermjen jout in wichtich ramt foar de aktiviteiten fan it KIEN. It is yn 2003 opsteld en yn 2006 fan krêft wurden. Unesco wol dêr it rike ferskaat oan uteringen fan it net-taastbere erfskip mei yn kaart bringe om it foar de takomst te behâlden. Yn it ferdrach wurdt it yn fiif domeinen opdield: orale tradysjes, sosjale gewoanten en gebrûken, ambachtlike techniken, poadiumkeunsten en kennis oer de natuer en it universum.

Ynventaris
Nederlân ondertekene it ferdrach yn 2012. Dêr ferplichte it him mei om it ymmaterieel erfskip sa’t dat hjir beoefene wurdt te ynventarisearjen, te stimulearjen en, as dat nedich is, te beskermjen. Dêr slute de taken fan it KIEN by oan. Der is in ‘Inventaris Immaterieel Erfgoed Nederland’ foar yn it libben roppen. Beoefeners kinne harren ymmaterieel erfskip dêrfoar oanmelde, mei it doel om it sichtber te meitsjen en it in takomst te jaan en de mienskippen dy’t har dêrfoar ynsette te stypjen. Sokke mienskippen, groepen en yndividuën moatte it sels dwaan. It is dus net it Kennissintrum dat útmakket hokker tradysje op de Ynventaris komt. It KIEN jout ek gjin wearde-oardiel oer it erfskip op de Ynventaris. In ûnôfhinklike toetsingskommisje beoardielet oft de oanfraach oan de betingsten foldocht. Mienskippen drage sels de ferantwurding foar (de útfiering fan) harren erfskip en soargje sels foar it trochjaan.

It KIEN stribbet dernei om de Ynventaris in ôfspegeling wêze te litten fan de maatskippij. Sadwaande befettet de Ynventaris ûnder mear Chanoeka, midwinterhoarnblazen, hennakeunst, karbidsjitten, skutterijfeesten, de Hylper kultuer, de Antilliaanske Tambú en de griemmankkultuer fan hiele buerten lykas de West-Kruiskade yn Rotterdam. Der binne no 143 foarmen fan ymmaterieel erfskip byskreaun.

Trije rûnten

Uleboerd yn Sleat. Foto fy.wikipedia.org

Ymmaterieel erfskip yn Nederlân wurdt yn trije rûnten sichtber makke.
De bûtenste rûnte, it Netwurk, besteande út ymmaterieel erfskip yn de breedste betsjutting fan it wurd, is bedoeld foar elkenien dy’t dêr in foarm fan beoefenet. Kritearia binne: is of binne der op dit stuit (in) beoefener(s)? Wurdt it trochjûn oan in folgjende generaasje? Is it dynamysk? It oanmelden kin ienfâldich dien wurde op www.immaterieelerfgoed.nl. Ut Fryslân wei hearre by dizze rûnte: De Fryske Mienskip, Frysk tegelskilderjen en It gebrûk fan it Fryske ûleboerd.

De twadde rûnte is de Ynventaris. Om dêryn byskreaun te wurden is it nedich dat in mienskip aktyf dwaande is mei it yn libben hâlden en trochjaan fan syn tradysje, it saneamde boargjen. Dat wurdt beskreaun yn it Erfgoedzorgplan. De betingsten om byskreaun te wurden binne stranger as foar de earste rûnte. It meidwaan yn it Netwurk (rûnte 1) is dêr needsaaklik foar. Njonken de trije nij-ynskreaune tradysjes Fierljeppen, Sint-Piterfeest en Strontwike steane de Gondelfeart op tsjillen fan Droegeham, De Hylper kultuer en it Frysk houtsnijwurk yn De Knipe yn de ynventaris.

De tredde rûnte is it Register, dat bestiet út goede foarbylden fan boarging om oare mienskippen te ynspirearjen. Op it stuit bestiet de lêste rûnte inkeld út it ambacht fan mûnder, dat troch Nederlân foardroegen is foar de represintative list fan Unesco. Om yn dy rûnte te kommen, moat in mienskip ek yn de oare rûnten dielnimme.

Stipe
It KIEN jout geregeld kursussen foar minsken dy’t wat op de Ynventaris byskriuwe litte wolle. Se wurde dan begelaat troch adviseurs. Der binne ek moetingsdagen om mienskippen út alle rûnten wei by it boargjen te stypjen en harren gelegenheid te jaan om kennis en ûnderfining út te wikseljen. Op sokke dagen binne der ûnder mear lêzingen, workshops en trainingen.

Bewustwurding en kennisûntwikkeling

Fierljeppen op It Hearrenfean. Foto fy.wikipedia.org

It KIEN is der ek foar bewustwurding en promoasje. Dat bart mei bygelyks promoasjekampanjes, it oanbieden fan artikels en it ûntwikkeljen fan lesmateriaal. Kennisûntwikkeling oer ymmaterieel erfskip rjochtet him op tema’s dy’t hjoed-de-dei fan maatskiplik belang binne lykas superferskaat, jongereinkultuer en kontroversjeel erfskip. It sintrum wurket ek oan kennisûntwikkeling oer de rol dy’t musea yn dat ramt spylje kinne. In oar wichtich punt fan omtinken is it ûnderwerp toerisme en ymmaterieel erfskip. Oer dy ûnderwerpen hat it sintrum kennisdossiers op syn webstee en organisearret it (ynternasjonale) sympoasia en konferinsjes.

Ta beslút ûndernimt it sintrum ferskate aktiviteiten op ynternasjonaal nivo. It is in by Unesco akkreditearre organisaasje dy’t ynternasjonale advystaken ferfollet yn it ramt fan it Ferdrach. Yn it saneamde ICH-NGO Foarum wurket it KIEN gear mei ferlykbere organisaasjes yn oare lannen.

Unesco-listen ynternasjonaal
De Nederlânske ynventaris en de listen fan Unesco moatte net trochinoar helle wurde. In oanfraach foar in plak op in ynternasjonale list kin allinne troch lannen dien wurde.

Ynformaasje
Adressen foar mear ynformaasje binne:
KIEN, Postbus 649, 6800 AP Arnhem, telefoan 026-357 61 13
info@immaterieelerfgoed.nl
erfgoedzorg@immaterieelerfgoed.nl
kennisontwikkeling@immaterieelerfgoed.nl
en www.immaterieelerfgoed.nl.

july 30, 2018 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.