Wurdt it dialekt mei útstjerren bedrige?

july 2, 2018 19:50
Artikel oernommen út Taalunie Bericht fan 29 juny – troch Pieter-Jan Borgelioen

Hoehel.be, in West-Flaamske fariant fan Google.com © Hoehel

Ferline jier rôpen de Radio 1-harkers it West-Flaamske jeunen (jin fermeitsje) út ta moaiste dialektwurd fan Flaanderen. It Antwerpske apsjaar (rare keardel) en it Gentske tsiepmuile (gûlbek) stiene ek yn de top 10. Aardige wurden, mar wa brûkt se noch? Binne ús dialekten as bedrige bistesoarten? En moatte we se beskermje of kinne we se rêstich útstjerre litte? 

“Wat minder sprekkers in bepaalde taal hat, wat mear kâns dat se logyskerwiis rinne om út te stjerren”, seit Miet Ooms fan de Onderzoekseenheid Taalkunde. “Sa besjoen kin men dialekten, wêrfan’t it brûken de lêste desennia slim ôfsakke is, ferlykje mei bedrige bistesoarten. Krekt sa’t bisten evoluearje, feroaret taal ek hieltyd. Mar dat dialekt it tsjintwurdich dreech hat, komt yn it foarste plak troch in stik of wat yngripende maatskiplike feroaringen.”

“Noch net salang lyn bleauwen de measte minsken harren hiele libben op itselde plak te wenjen en waard it lokale dialekt fan generaasje op generaasje oerdroegen. De tanommen mobiliteit en oplieding hawwe dêr in ein oan makke. Yn studintestêden moetsje wy minsken út oare omkriten, wy ferhúzje yn funksje fan ús baan of we folgje in partner nei in oare provinsje. Yn it deistich libben hawwe we hieltyd minder oan ús eigen dialekt, en it dialekt fan de plakken dêr’t we belânje, behearskje we faak net. Dialekten flakje dus hurder ôf of ferdwine sels.”

It is in tendins dy’t men yn hiel Europa sjocht, seit Ooms. “Yn Flaanderen komt dêr nochris by dat dialekt lang ferhune waard. Men beskôge it as ûnbeslipe, as in fijân fan de standerttaal. Op tv waard it brûken fan it ABN ek aktyf promoate, ûnder mear yn programma’s as Hier spreekt men Nederlands. Troch dat allegearre brochten âlden harren bern hieltyd minder yn it dialekt grut.”

Der komme wol farianten op de regionale sprektaal. Net inkeldris ûnder ynfloed fan migraasje. Tink oan de citétaal yn Genk.

Butterschutte
Evoluearje we yn Flaanderen dan sa stadichoan nei in homogene sprektaal? “Nee, sprektaal lit dochs al fariaasje sjen: der binne altyd regionale aksinten en in plakbûne wurdskat. Men heart fuortendaliks of immen fan komôf út West-Flaanderen of út Limboarch is.”

“Ynformele sprektaal hat wol oan belang wûn. Dy nimt it hieltyd faker oer yn situaasjes dêr’t dialekt ea de noarm wie: by de doarpsslachter, yn de jongereinbeweging, ûnder freonen en famylje… Dat sil allinnich mar tanimme, en is fansels funest foar échte dialekten. Dy hawwe in hiel lokale wurdskat en útspraak, besteane al ferskillende generaasjes en binne typysk foar in sekuer beheind gebiet, rinnend fan in stêd oant in buorskip.”

Sels it dialekt dat noch sprutsen wurdt, is net mear itselde as dat fan ús foarâlden, seit Ooms. “In soad wurden binne weiwurden om’t se net mear thús heare yn ús libben. Eartiids wiene der bygelyks tsientallen dialektwurden foar ‘flinter’. Butterschutte yn West-Flaanderen, piepel yn Limboarch, flikketeer yn Antwerpen… Mar trochdat flinters seldsumer wurden binne, wurdt der amperoan noch oer praat. Dêrtroch binne dy dialektwurden no al hielendal weiwurden yn de wurdskat fan de hjoeddeistige generaasje sprekkers.”

Kinne der noch nije dialekten ûntstean? “Dat kin inkeld yn isolearre gebieten, dêr’t mar in bytsje kontakt is mei de bûtenwrâld, mar yn Flaanderen sil men dy net gau fine. Der komme wol farianten op de regionale sprektaal. Net selden ûnder ynfloed fan migraasje. Tink oan de citétaal yn Genk: in fariant op de Limboarchske sprektaal dy’t Italianen, Turken en Poalen ûntwikkele hawwe, mei ynfloeden út harren ûnderskate memmetalen. It rûnombywêzige Ingelsk wurket ek yn op de sprektaal. Myn bern hawwe it bygelyks oer ‘beslissingen maken’ of ‘geld maken’.”

As jo in dialekt wier rêde wolle, moatte jo it prate.

Dialektkursus
Bedrige bistesoarten set men yn reservaten om se te beskermjen. Kin men dialekten op de ien of oare wize hoedzje foar de ûndergong? “No al wurde se beskreaun yn stúdzjes, wurde der opnamen fan makke en ferskine der wiidweidige dialektwurdeboeken. Se geane dus net hielendal ferlern. Mar wol men in dialekt wier rêde, dan moat men it prate. Men hoecht it dêrta net iens fan hûs út mei te krijen. Hjir en dêr kin men dialektkursussen folgje. Dat liket miskien keunstmjittich, mar dat jildt likegoed foar hokker bûtenlânske taal ek dy’t men leart, dochs?”

“Dialekten sille úteinlik faak ferdwine”, beslút Ooms. ”Kultureel besjoen is dat wis en wrachtich in ferlies, mar it is gjin reden ta panyk. As in taal ferdwynt, is it om’t minsken dy net mear brûke. Mei oare wurden: om’t der gjin ferlet mear fan is.”

Konklúzje
It dialekt sit yn in penibele situaasje lykas de panda en giet mooglik de dodo efternei.

july 2, 2018 19:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.