Wêrom feroarje de sterke tiidwurden?

july 18, 2018 10:58

Eric Hoekstra (foto: Fryske Akademy)

De Fryske Akademy fiert op it stuit in ûndersyk út nei it feroarjen fan sterke tiidwurden. Dat binne tiidwurden dy’t yn ‘e doetiid gjin útgong krije, mar dêr’t it lûd fan feroaret. In foarbyld is rinne. De doetiid dêrfan is net rinde, mar rûn of roon of ron of roan.

In Frysk foarbyld fan in sterk tiidwurd dat oan it feroarjen is, is fleane. Dat hat as doetiid fleach, mar der wurdt tsjintwurdich ek wol ik flein sein.

Undersikers Eric Hoekstra, Anne Merkuur, Marjoleine Sloos en Jeroen van de Weijer wolle foar de talen Frysk, Nederlânsk en Ingelsk útsykje wat der krekt feroaret en hoe’t dat te ferklearjen is. Se hoopje dat se foar alle trije talen deselde ferklearring fine kinne.

Foar it Ingelsk hawwe se al in idee toetst. Yn dy taal feroarje sterke tiidwurden, sadat se passe by in gruttere groep sterke tiidwurden mei deselde lûden. De doetiid sank (fan to sink) feroaret bygelyks yn sunk, trochdat in protte tiidwurden yn de notiid i hawwe en yn de doetiid u. It makket wol út hoe faak oft dy tiidwurden brûkt wurde, mar de groepsgrutte is ek belangryk. It tiidwurd to be komt bygelyks hiel faak foar, mar der binne gjin oare tiidwurden dy’t derop begjinne te lykjen, omdat de ôfwikseling fan lûden yn de foarmen fan to be by gjin inkeld oar tiidwurd foarkomt.

Troch te tellen hoefolle tiidwurden oft deselde ôfwiksel fan klanken hawwe en hoe faak oft dy tiidwurden brûkt wurde, koenen de ûndersikers útrekkenje hokker feroarings oft wol en net wierskynlik wiene. Foar it Frysk en Nederlânsk is dat noch net dien. De ûndersikers moatte foar it Frysk lykwols earst neigean hoe faak oft elk sterk tiidwurd yn it Frysk brûkt wurdt.

In wiidweidiger artikel oer it ûndersyk stiet op Kennisnet. Klik hjir om it te lêzen.

july 18, 2018 10:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.