Waarpraatsje: tiisdei in bytsje rein

july 9, 2018 19:14

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der kin tiisdei, foar it earst sûnt lange tiid, wat reinwetter falle. In soad sil it net wêze, mar it wurdt wol in wat skiere dei.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn en der kin sa út en troch in bytsje storein falle. De meast matige wyn komt út it noardwesten. By de kust lâns stiet mear wyn.

Tiisdei is de loft berûn en sil it sa út en troch wat reine. Mear as in pear millimeter wurdt net ferwachte. Yn ‘e rin fan de middei is der ek wat sinne. De weste- oant noardwestewyn is matich en by de kust lâns krêftich. Letter giet de wyn nei it noarden en jout him wat del. It wurdt achttjin graden.

Fan woansdei ôf komt de simmer werom.

Jan Brinksma

july 9, 2018 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.