Waarpraatsje: simmerwykein

july 13, 2018 19:48

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It simmerske waar hâldt foarearst noch oan. De kommende dagen wurdt it sels noch wat waarmer. Yn ‘e rin fan takomme wike nimt de kâns op delslach fan betsjutting stadichoan ta.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder en kin der op guon plakken wat damp ûntstean. Ek (wat) bewolking is net hielendal útsletten. By in swakke noardewyn wurdt it om de tsien graden hinne.

Sneon wikselje bewolking en sinne inoar ôf. Der stiet in swakke oant matige noardewyn en it wurdt tusken de tweintich en trijentweintich graden.

Snein feroaret der net folle oan it waar. It bliuwt drûch en it wurdt mei temperatueren tusken de tweintich en fiifentweintich graden noch wat waarmer.

Nei it wykein bliuwt it waarm. Moandei en tiisdei leit de temperatuer tusken de tweintich en seisentweintich graden. Fan woansdei ôf wurdt it wat koeler en stadichoan minder fêst waar.

Jan Brinksma

july 13, 2018 19:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.