Waarpraatsje: simmer

july 12, 2018 19:20

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in dei mei mear sinne as ferwachte waard, sjocht it der ek foar de kommende dagen simmersk út.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed rekket de loft stadichoan berûn. By in swakke noarde- oant noardwestewyn wurdt it tolve graden.

Freed bliuwt Fryslân gefoelich foar bewolking, mar de sinne sil, nei alle gedachten, sa út en troch ek (wat) skine. De wyn komt út it noardwesten en is matich. It wurdt om de tweintich graden hinne.

Nei freed bliuwt it simmer en geandewei it wykein wurdt it (noch wat) waarmer. Delslach wurdt foarearst net ferwachte.

Jan Brinksma

july 12, 2018 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.