Waarpraatsje: oanhâldend simmersk

july 11, 2018 19:01

DE JOUWER –  It wie op ‘e nij in noflike simmerdei en it bliuwt ek op de lange termyn simmer. Der is op de measte dagen, neist sinne ek, bewolking mar delslach fan betsjutting wurdt net ferwachte.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it (frij) helder en op guon plakken kin wat damp úntstean. By in meast swakke noardwestewyn wurdt it tolve graden.

Tongersdei is der sinne, mar der binne ek in soad hingelwolken. De matige wyn komt út it noardwesten. It wurdt tusken de tweintich en trijentweintich graden.

Nei tongersdei bliuwt it simmer. It wurdt stadichoan noch wat waarmer.

Drûchte
Yn hiel Fryslân is it tekoart oan delslach no mear as 150 millimeter.

Jan Brinksma

july 11, 2018 19:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.