Waarpraatsje: it bliuwt simmersk

july 6, 2018 19:15

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bliuwt foarearst simmersk en drûch. Troch in meast noardewyn wurdt it boppedat net al te waarm.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it frij helder. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen. It wurdt mei in graad as njoggen oan de frisse kant.

Sneon skynt de sinne, mar der is sa út en troch ek wat bewolking. By in matige noardewyn wurdt it om de tweintich graden hinne.

Snein hawwe wy hast itselde waar as sneon. Koartsein: kreas simmerwaar.

Takomme wike bliuwt it restich, frij waarm en meast drûch.

Jan Brinksma

july 6, 2018 19:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.