Waarpraatsje: efkes wat minder sinne en koeler

july 8, 2018 18:43

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreas wykein wurdt it moandei en tiisdei efkes wat minder simmersk. Der is mear bewolking en it wurdt op syn heechst tweintich graden.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it earst helder. Op guon plakken kin wat damp úntstean. Yn ‘e rin fan de nacht rekket de loft berûn. By in swakke oant matige noardwestewyn wurdt it alve graden.

Moandei is de loft meast berûn. De wyn is matich en komt út it noardwesten. It wurdt tusken de sechtjin en njoggentjin graden.

Tiisdei sille wy de sinne ek net folle sjen. Der kin sels wat rein falle en it is op ‘e nij oan de frisse kant. Fan woansdei ôf komt de simmer werom.

Jan Brinksma

july 8, 2018 18:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.