Waadhoekster pubers leare oer omsweefsmoargens

july 10, 2018 10:41

Hjoed, tiisdei 10 july, hâlde 150 twaddejiers learlingen fan de skoallen Ulbe van Houten, Comenius en De Foorakker yn  en om Sint-Anne in himmelaksje. Foarôfgeand oan it opromjen krije se gastlessen fan bedriuwen en organisaasjes út Sint- Anne. By de plysje wurde se dêrfoar opsletten, wêrnei’t se – krekt as by in soarte fan escaperoom – de koade oer omsweefsmoargens kreakje moatte.

De besite oan de bedriuwen en de gastlessen meitsje de learlingen bewust fan it effekt fan omsweefsmoargens en it belang fan in skjinne en leefbere iepenbiere romte. Sa moatte se út in gefoel fan dielde ferantwurdlikheid komme ta belutsenheid en aktyf boargerskip. It is in mienskiplik projekt fan Gemeente Waadhoeke, IVN en de trije skoallen en it makket diel út fan de projektwike ‘LF2018/lear dyn eigen omjouwing kennen en wês dêr sunich op’.

Bedriuwsbesiten
Trije groepen learlingen bringe yn sirkwyfoarm in besite oan boer Kolkman, Omrin en it plysjeburo. Op it plysjeburo wurde se yn de sel opsletten. Dêr moatte se in koade kreakje oer omsweefsmoargens, foar’t se der wer út meie. Dêrnei fertelt boer Kolkman op syn bedriuw wat der mei in ko bart as dy in blikje yn ‘e mage kriget. Trije oare groepen learlingen geane nei it bedriuw fan Smeding Groenten en Fruit, Wonen Noordwest Friesland en Wetterskip Fryslân. Wonen Noordwest Friesland jout oan wêrom’t it sa wichtich is om de tún op te romjen.

july 10, 2018 10:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.