Unbedreaune kampearders sliepe min

july 5, 2018 15:58

Ofbylding fan luchtbed.nl

Minsken dy’t mar sa no en dan kampearje, sliepe yn in kampearfakânsje beroerder as bedreaune kampearders. De sliepomstannichheden yn kampearfakânsjes soargje boppedat foar in frij grut risiko op fysike klachten. Dat docht bliken út ûndersyk fan Luchtbed.nl, dêr’t 857 Nederlanners by ûnderfrege waarden oer harren sliepgewoanten yn kampearfakânsjes.

Kwaliteit fan sliep
Wat mear ûnderfining minsken mei kampearjen hawwe, wat better dat se yn sokke fakânsjes sliepe. Justjes minder as de helte (48%) fan de Nederlanners dy’t alle jierren kampearje, sliept yn kampearfakânsjes krekt en gelyk as thús en 10% sliept sels better as thús. Fan de minder bedreaune kampearders sliept it grutste part (61%) krekt minder as thús.

Fysike klachten
It sliepen yn in kampearfakânsje blykt in frij grut risiko op fysike klachten mei te bringen. Mar leafst 40,3% fan de kampearders jout yn it ûndersyk oan wolris lêst fan fysike klachten hân te hawwen fanwegen it sliepen. Pinerêch is komt it faakst foar (51,9%), folge troch pinenekke (22,2%) en spierpine (14,1%).

Sliepe op in luchtbêd
De measte kampearders (62,2%) sliepe op in luchtbêd. Dat wol noch wolris leechrinne, docht bliken. Likernôch de helte (49,6%) fan dy respondinten is wol ris op in leechrûn luchtbêd wekker wurden.

Neffens Esmee Bakker, dy’t it ûndersyk dien hat, is it foaral wichtich om te kiezen foar in luchtbêd dat spesifyk bedoeld is om op te sliepen. “Luchtbêden dy’t makke binne om op wetter te sinnebaaien kinne faak it gewicht fan in persoan op in oare ûndergrûn as wetter net drage.” Se jout ek as tip om de grûn dêr’t it luchtbêd op komt te lizzen, goed frij te meitsjen fan (skerpe) stiennen en oar guod dat in luchtbêd skea fan oprinne kin.

Alle ûndersyksresultaten steane publisearre op: https://www.luchtbed.nl/kampeer-onderzoek/

july 5, 2018 15:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.