Twitter skrast miljoenen abonnees

july 13, 2018 20:50

Tsientallen miljoenen adressen op it sosjale medium ferdwine de kommende dagen. It giet om abonneminten dêr’t it bedriuw fan eanet dat se makke binne om beskate Twitterabonnees mear folgers te jaan.

De status fan Twitterbrûkers wurdt foar in grut part bepaald troch it tal minsken dat harren tekstjes lêst en se trochstjoert. Dêrom hawwe minsken, bedriuwen, partijen en oaren op grutte skaal ekstra Twitteradressen oanmakke, dy’t har eigentlik adres dan folgje en de berjochtsjes oernimme. Soms barde dat sels troch in kompjûterprogrammaatsje grutte oantallen falske adresssen oanmeitsje te litten. Twitterabonneminten binne fergees, dat soks koe al sa maklik.

Soks is fansels it doel fan Twitter net. It bedriuw hat dêrom tsientallen miljoenen adressen tydlik blokkearre as it fermoeden bestie dat it allinne mar makke wie om de status fan in echte abonnee in slinger te jaan. Hie Twitter it mis, dan koe in abonnee de blokkade maklik wer opheffe. Adressen dy’t noch blokkearre binne, wurde no as falsk beskôge en it abonnemint dat deroan sit, wurdt skrast.

Om minder op te fallen binne in protte sabeare Twitterbrûkers net allinne mar folger fan de brûker foar wa’t se makke binne, mar ek fan samar wat oaren. It skrassen fan de spoekabonnees betsjut dan ek dat in soad minsken dy’t op Twitter sitte, de kommende tiid in stikmannich folgers kwytreitsje. Twitter skriuwt dat dat by de measte minsken op syn heechsten om fjouwer folgers gean sil.

july 13, 2018 20:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.