Tsjerkepaad úteinset
Resint ferskynd
Hjoed is Tsjerkepaad 2018 úteinset mei it iepenstellen fan hûnderten tsjerken rûnom yn Fryslân. Op tal fan plakken binne der aktiviteiten. Op ‘e Lemmer wie fan ‘e middei in optreden fan Sjongersnocht út Bantegea, mei Ingelsk, Nederlânsk en Frysk repertoir. Under it fraaie houten tonferwulft en foar de preekstoel mei bysûnder houtfykwurk fan de protestantske tsjerke oan it Tsjerkhôf yn de buorren fan de Lemmer.
Sjoch op de webside fan Tsjerkepaad foar mear ynformaasje oer wat der dizze simmer op de sneontemiddeis allegearre yn en om de Fryske tsjerken te rêden is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje