Tsjerken tydlik poadium foar byldzjende keunst

july 9, 2018 07:56

Fan 7 july o/m 8 septimber 2018 is der in nije edysje fan Kunst in Kerken: it jierliks weromkommende inisjatyf dêr’t tsjerken by (wer)brûkt wurde as poadium foar byldzjende keunst. Diskear binne der trije ferskillende fyts-, rin- en rydrûtes gearstald by tsjerken yn noard- en súdwestlik Fryslân lâns, dêr’t men eigentiidsk wurk sjen kin fan ferskate Fryske keunstners.

Ofbylding: Keunstwurk

Yn noardwest Fryslân is in noardlike rûte by Berltsum, Wier, Minnertsgea, Pitersbierrum, Doanjum, Rie, Dronryp en Menaam del, dêr’t men yn ’e kunde komme kin mei it resinte wurk fan Klaas Werumeus Buning, Hendrik Elings, Linus Harms, Truus Huijbregts, Reinder Homan, Paulien Ploeger, Catrinus Spinder en Wim van der Veer.

De westlike rûte giet fia Deinum, Blessum, Leons, Baard, Winsum, Mantgum, Boksum en Easterlittens. Yn ’e tsjerken dy’t men op ’e rûte tsjinkomt, binne de monumintale wurken fan Giovanni Dalessi te sjen.

Yn ’e gemeente De Fryske Marren is in rûte útstippele by trije tsjerken yn Balk en de tsjerken fan Harich en Wikel del. Dêr is wurk te besjen fan de Fryske byldzjende keunstners Gosse Koopmans, Gerrit Terpstra, Gert Jan Slotboom, Birgit Speulman en Marcel Prins.

Rûtekaarten
Mear ynformaasje en rûtekaarten binne online te finen op de webside fan Keunstwurk en as boekje by de dielnimmende tsjerken.

De keunstrûtes binne ta stân kaam op inisjatyf fan Keunstwurk yn gearwurking mei kulturele inisjatyfnimmers fan de dielnimmende tsjerken, stifting Keunst yn Tsjerken, stifting Nieuwe Kunst in Oude Kerken, Keunstkring Gaasterlân, pleatslike tsjerke mienskippen en in protte frijwilligers.

july 9, 2018 07:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.