Tsjerk Hiddesslûs minder faak iepen en ticht fanwegen drûchte

july 2, 2018 19:28

ôfbylding: Wikipedia

Yn ferbân mei de oanhâldende drûchte past de Provinsje it skutten yn de Tsjerk Hiddesslûs oan. De seeslûs yn Harns giet fan tiisdei 3 july ôf minder faak iepen en ticht om it ferlies fan swiet wetter tsjin te gean. Plezierfaartugen sille tenei yn groepen of tagelyk mei de beropsfeart troch de slûs gean. Dat kin oant ien oere ekstra opûnthâld foar de plezierfeart feroarsaakje.  

De maatregel is nommen op fersyk fan Wetterskip Fryslân. Hoelang oft dy duorret falt net te sizzen. Troch de drûchte stiet it wetter yn de Fryske boezem relatyf leech en is der mar in bytsje streaming. Troch minder te skutten is der minder ferlies fan swiet wetter en komt der tagelyk minder sâlt wetter yn.

july 2, 2018 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.