Tolve sollisitanten foar boargemasterskip Waadhoeke

july 18, 2018 19:00 Fernijd

Njoggen manlju en trije froulju meitsje gading nei it boargemasterskip fan Waadhoeke. Wat harren politike komôf oanbelanget, trije kandidaten binne lid fan D66 en trije binne lid fan in net-lanlike partij. Twa CDA’ers en twa VVD’ers, ien PvdA’er en ien partijleaze binne de oare gadingmakkers. Seis kandidaten binne tusken de fyftich en sechstich jier âld. Trije binne jonger as fyftich, trije âlder as sechstich.

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat in seleksje út de sollisitanten makke. Dêr hat er oer praat mei de gemeentlike betrouwenskommisje, dy’t alle brieven te sjen kriget. De kommisje praat mei de útsochte kandidaten en bringt oan de gemeenteried ferslach út, mei in konseptoanrikkemandearring. Hokker twa úteinlik op de oanrikkemandearing komme en yn watfoar folchoarder, wurdt troch de ried útmakke.

De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes folget yn har foardracht oan de Kroan yn begjinsel de ried. De nije boargemaster wurdt by Keninklik Beslút beneamd en sil nei alle gedachten ein oktober ynstallearre wurde kinne. Dan sit de taak fan waarnimmend boargemaster Hayo Apotheker derop.

july 18, 2018 19:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.