Tink derom: tiisdei mooglik glêde diken

july 9, 2018 16:49

Minsken dy’t tiisdei oan it ferkear dielnimme, moatte foarsichtich ride. It kin nammentlik tige glêd wurde. Dat hat Rykswettersteat buorkundich makke.

De glêdens komt midden yn ‘e simmer fansels net fan izel. Trochdat it sa lang net reind hat, leit der in tsjokke laach smoargens op ‘e diken. Tiisdei wurdt rein ferwachte. As de smoargens dêryn oplost, ûntstiet in laach slimerige dridze.

Benammen foar twatsjillers lykas fytsen, moters en brommers is de laach gefaarlik, sa docht Rykswettersteat te witten. Hja kinne samar ûnderút gean. Automobilisten moatte der lykwols ek om tinke, hja kinne yn in slip reitsje.

It advys fan Rykswettersteat is om stadich en foarsichtich te riden, de holle goed by it ferkear te hâlden en rom ôfstân te hâlden ta de foargonger.

De glêdens is nei tiisdei nei alle gedachten net oer. It reinwetter dat ferwachte wurdt, is foar it neist ûnfoldwaande om de smoargens fuort te spielen.

july 9, 2018 16:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.