Team Wybe helle in lytse € 20.000,- op foar MS

july 6, 2018 06:58

foto: Ronald de Jong fan www.fotoplak.nl

Koudum.  Stichting Team Wybe hat yn totaal in lytse € 20.000,- ophelle foar de Stichting ‘Klimmen tegen MS’.

Snein 2 july waard it projekt Klimmen tegen MS ôfsletten mei de tredde edysje fan it Team Wybe Wielerfeest yn Koudum. De opbringst dêrfan wie € 6.400. It einbedrach komt dêrmei op € 19.668,-

Team Wybe is oprjochte troch in freoneploech fan Wybe Leenstra, dy’t yn 2014 stoarn is oan in harsentumor. Nei ferskate aksjes foar KWF-kankerbestriding en STOPhersentumoren hat it team him no ynset foar in stap tichterby it better wurden fan MS. Op 10 juny beklom Team Wybe sels noch de Mont Ventoux, ek yn it ramt fan dat goede doel.

Sjoch ek op: https://www.facebook.com/teamwybe/
www.teamwybe.nl

july 6, 2018 06:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.