Tiim Uniclean wint Waste Battle 2018

july 12, 2018 08:12

Freed 6 july wie de finale fan de Waste Battle 2018. Goed 120 learlingen út de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe de ôfrûne moannen yn groepkes tsjininoar striden wa’t de bêste oplossing foar it swalkôffalprobleem hat. It winnende idee komt fan tiim Uniclean fan RSG Magister Alvinus, dat syn idee beluts op trije feestlokaasjes yn Snits.

Tiim Uniclean wint Waste Battle 2018 (foto: Petra Kroon)

Tema: Snitswike
Yn maaie en juny wiene de foarwedstriden op RSG Magister Alvinus, it Nordwin Kolleezje en CSG Bogerman yn Snits. Learlingen giene yn groepkes oan ’e slach om ideeën te betinken hoe’t swalkôffal tefoaren kaam wurde kin. It tema fan de tredde Waste Battle is de Snitswike. “Super dat dit projekt al foar de tredde kear organisearre is. It ôffal by eveneminten as de Snitswike is in oandachtspunt”, seit wethâlder Mark de Man. “De Snitswike is in prachtich feest en wat soe it dan moai wêze as wy troch it útfieren fan ’e ideeën fan ús eigen learlingen minder swalkôffal krije.”

3.000 euro om idee út te wurkjen
Op alle trije skoallen giene de twa bêste tiims troch nei de finale. Yn it Bolwurk mochten se harren idee presintearje. De sjuery bestie út wethâlder en sjueryfoarsitter Mark de Man, Arjan Reekers (gemeente Súdwest-Fryslân), Chris Hoekstra (Jumbo Kooistra), Baukje de Beer (Roelofs BV), Eelkje Nicolai (Rabobank Snits/Súdwest-Fryslân) en John Vernooij (Omrin).

De sjuery keas foar it idee fan tiim Uniclean fan RSG Magsiter Alvinus: op trije ferskate lokaasjes yn Snits (Starteilân, Garden of Dance en sintrum) besikers fan de Snitswike fia aardige spultsjes oanmoedigje om ôffal net samar op ’e grûn of yn it wetter te smiten. “Harren idee sil de feestfreugde ferheegje!” seit wethâlder De Man. Hy rikte de sjek fan 3.000 euro út. It jild is skonken troch de gemeente, Rabobank Snits/Súdwest-Fryslân, Roelofs BV, Jumbo Kooistra en Omrin. De bedriuwen helpe de learlingen mei harren netwurk, kennis en tiid om harren idee út te fieren. It bliuwt dus net inkeld by in idee.

De Waste Battle Súdwest-Fryslân is in inisjatyf fan Gooitz yn gearwurking mei Norder Advies.

july 12, 2018 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.