Takom wike staking by Ryanair

july 19, 2018 09:29

Tsientûzenen reizgers, ûnder wa ek Nederlanners, binne takom wike de dupe fan in staking by Ryanair. In part fan it kabinepersoniel leit woansdei foar twa dagen it wurk del. De stewards en stewardessen fan Ryanair yn België, Spanje en Portugal easkje mear lean en bettere arbeidsbetingsten.

Foto: Wikimedia Commons/Pilot320 – lisinsje CC BY-SA 3.0

De loftfeartmaatskippij hat dêrom sa’n 300 flechten fan en nei dy lannen annullearre. Ryanair fljocht yn Nederlân op Amsterdam, Eindhoven en Maastricht. Op it webstee fan de loftfeartmaatskippijen is te sjen hokker flechten net trochgean.

Ryanair neamt de wurkûnderbrekkings fan it kabinepersoniel “net rjochtfeardige” en seit dat dy neat oars bewurkmasterje sille as it fersteuren fan famyljefakânsjes en it helpen fan konkurrearjende loftfeartmaatskippijen. It is net de iennige staking dêr’t Ryanair mei te krijen hat. De piloaten fiere ek aksje. Yn Nederlân komme mooglik ek aksjes as petearen mei Ryanair oer in nije cao op neat útrinne.

july 19, 2018 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.