Taiske rêdingsoperaasje drige te mislearjen

july 11, 2018 11:14

De rêdingsoperaasje fan it Taiske fuotbaltiim drige op it lêste momint noch ferkeard te gean. In wetterpomp bejoech it koart nei’t de bern en harren trener evakuearre wiene. In tal rêdingswurkers drigen dêrtroch ynsletten te reitsjen.

Foto: pixabay.com

Dûkers wiene healwei de grot dwaande apparatuer op te romjen, doe’t se ûntdutsen dat it wetterpeil begûn te stiigjen. Twa leechpompte keamers rûnen wer ûnder wetter. “Elkenien wie oan it opromjen. Doe seach ik ynienen allegear mynwurkerslampen op my ôf kommen”, fertelt in Australyske dûker oan Australyske media. Oare dûkers hawwe ek befêstige dat der op it lêste stuit problemen ûntstiene.

De wetterpomp hie de ôfrûne wike hieltyd draaid. Hûnderten miljoenen liters reinwetter waarden weipompt, sadat it wetterpeil yn ’e grot genôch sakje soe om de rêdingsoperaasje mooglik te meitsjen. Hommels moast elkenien de grot út. Hûnderten luchtflessen dy’t noch yn ’e grot leine binne efterbleaun.

De earste helte fan de reis moasten de jonges foar it grutste part yn it wetter ôflizze. Soms moasten se in kertier ûnder wetter swimme tusken twa grotdûkers mei ûnderfining. Op plakken dêr’t it peil genôch sakke wie waarden se boppe wetter op brankaars ferfierd. Om panyk foar te kommen hiene se in kalmearjend middel tatsjinne krige.

De grutste tûkelteam wie krekt foar it basiskamp yn Keamer 3: in U-bocht yn in spjalt fan 38 sintimeter heech, dêr’t se yn it tsjuster oerhinne klimme moasten. Dûkers ferliken it mei in tocht troch de swannehals fan in húske. Ut Keamer 3 wei waarden de jonges troch in minsklike keat trochjûn op brankaars, 1500 meter lang. Op it lêste stik moasten de jonges harren dûkmasker ophâlde, om’t it soerstofgehalte yn ’e grot sa leech wie troch alle rêdingswurkers. Hja krigen in sinnebril tsjin in deiljocht en in mûlekap om ynfeksjes foar te kommen.

Op in parsekonferinsje oer de sûnens fan de Taiske fuotballers it bekend makke dat it goed mei harren giet. Hja binne net siik, mar binne yn ’e grot wol twa kilo lichemsgewicht kwytrekke. Seis jonges hawwe in lichte longynfeksje oerhâlden oan de tiid yn de fochtige grot. Dêr moatte se noch in wike medisinen foar slikke. De jonges sille gau harren famylje sjen meie, al moatte se earst noch wol op ôfstân bliuwe om foar te kommen dat de ferswakke jonges besmet reitsje.

july 11, 2018 11:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.