Taiske jonges yn grot moatte nei alle gedachten dûke

july 4, 2018 08:11

Tolve Taiske bern dy’t yn in grot fêstsitte, sille dêr nei alle gedachten in spoedkursus dûken krije moatte om út de grot te kommen. De fuotballerkes en harren trener waarden moandei fûn en sitte ûnderwilens al tsien dagen yn de grot. Hja binne allegear yn libben, mar binne wol flink ferswakke en dat makket de rêdingsoperaasje dreech.

Foto: pixabay.com

It sil in protte tiid kostje foar’t de jonges klear binne foar de dûk. Earst moat harren situaasje stabyl wêze. Se moatte no genôch iten en drinken krije en medysk fersoarge wurde. En dêrnei moatte se dan leare hoe’t se mei dûkapparatuer omgean moatte. De jonges hawwe net folle oare opsjes. Hja sitte achthûndert meter ûnder de grûn. It is dreech om nei it plak te boarjen. Boppedat bestiet de kâns dat de grot ynstoart mei it boarjen.

Foar’t it safier is, wurde de jonges mooglik earst oerbrocht nei in oar plak yn de grot. De rêdingstsjinsten wolle de jonges nei it part fan de grot bringe dat de helpferlieners no as útfalsbasis brûke. Dêr leit alle dûkapparatuer en dêr is in protte te iten. Mar dat is makliker sein as dien. It is twa oeren swimmen nei dy feilige grot. En in grut part derfan sille se ûnder wetter swimme moatte.

july 4, 2018 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.