Súdwest-Fryslân stimulearret Smookfrij Nederlân
Resint ferskynd
De jongste generaasje ynwenners fan Súdwest-Fryslân moat de kâns krije om folslein smookfrij op te groeien. Dêrom docht de gemeente mei oan de Alliânsje Smookfrij Nederlân. Súdwest-Fryslân is yn Nederlân de tsiende gemeente dy’t him by de alliânsje oanslút.
De oansluting by de alliânsje krige tiisdei 24 july in offisjeel tintsje, doe’t wethâlder Mark de Man yn Makkum de oerienkomst tekene. Dat Makkum keazen is, is gjin tafal. It is it berteplak fan Lenze Meinsma, dy’t jierrenlang direkteur fan KWF Kankerbestriding wie.
Dat wie yn de perioade 1953-1978, doe’t smoken foar in protte minsken fanselssprekkend wie. Meinsma, dy’t dokter wie en promovearre op in proefskrift oer de sûnensrisiko’s fan smoken, wie doe al tige warber mei aksjes om minsken safier te krijen om mei it smoken op te hâlden.
De ûndertekening falt gear mei de iepening fan it Timmerdoarp yn Makkum en dat is ek net tafallich. De Timmerdoarpen binne de earste smookfrije doarpen yn de gemeente. Utsein yn Makkum binne der yn de earste wike fan de skoalfakânsje Timmerdoarpen yn Drylts, Snits, Heech, Wytmarsum en en Molkwar.
Yn de lêste wike fan de skoalfakânsje binne bern yn Wommels, Boalsert en Warkum oan bar om kreatyf en sportyf oan ’e slach te gean en de meast bysûndere hutten te bouwen. Timmerdoarp is in wike foar bern fan acht oant en mei tolve jier en stiet foar gesellichheid, kreativiteit en gearwurkjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje