Súdwest-Fryslân kiest foar Jannewietske de Vries

july 19, 2018 12:02

Jannewietske de Vries út Raerd is tiisdeitejûn foardroegen as nije boargemaster fan Súdwest-Fryslân.

Jannewietske de Vries (foto: SWF)

Yn in besletten gearkomste keas de gemeenterie unanym foar De Vries (1961), dy’t acht jier – yn de perioade 2007-2015 – foar de PvdA diel útmakke fan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Sûnt jannewaris 2016 jout se as algemien direkteur lieding oan Floriade 2022 BV, it bedriuw dat oer fjouwer jier de wrâldútstalling organisearret yn Almere.

Dêrneist beklaait se ferskate bestjoersfunksjes. Se is ûnder mear foarsitter fan de Stichting Sense of Place, dy’t inisjativen stimulearret foar kulturele lânskipsûntwikkeling yn it Waadgebiet, foarsitter fan de Stichting Erfskip (foar social design yn Fryslân), foarsitter fan 11Fountains en lid fan de advyskommisje kultuer fan it Noardlik Kultuerfûns.

De foardracht fan De Vries wurdt trochstjoerd nei de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, wêrnei’t de beneaming bekrêftige wurdt mei in hantekening fan Kening Willem-Alexander. De ynstallaasje fan De Vries is plend op 27 septimber. Oant dan bliuwt Magda Berndsen-Jansen as waarnimmend boargemaster op har post.

Foarsitter Douwe Attema fan de betrouwenskommisje, dêr’t alle tsien riedsfraksjes yn fertsjintwurdige wiene, typearre De Vries as ien “dy’t fluch skeakelje kin en wit hoe’t súksessen behelle wurde, foaral troch belangen mei-inoar te ferbinen, en minsken op in natuerlike wize te oertsjûgjen.” De Vries wit tanksij har netwurk yn sawol Fryslân, Noard-Nederlân as yn De Haach “goed hoe’t de hazzen rinne”, sei Attema. “Har dynamyk en har ambysje jouwe ús it betrouwen nei de takomst fan Súdwest-Fryslân. Wy sjogge yn Jannewietske de Vries in fernijer dy’t ús gemeente fierder bringt.”

Op de boargemastersfakatuere fan Súdwest-Fryslân kamen sechtjin reaksjes. “Bêst wol in protte”, oardiele Attema oer dat oantal. Under de sollisitanten wiene fjouwer froulju. Mei hoefolle minsken petearen fierd binne is net bekend makke. De namme fan de nûmer twa op de foardracht fan de gemeenterie bliuwt ek geheim.

july 19, 2018 12:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.