STYPE foar bern yn Tadzjikistan

july 10, 2018 10:32

Waskhok – foto Stichting Stype

Woansdei 15 augustus fleane Abe Timmermans (Noardwâlde), Age Jelle Cnossen (Tsjom), Anna-Rixt Meekma (Assen), Geartsje Pols (Ljouwert), Jaap Visser (Ljouwert), Marten Hingst (Trafaria, Portugal) en Wieke Jelsma (Rien) foar fyftjin dagen nei it Aziatyske Tadzjikistan. Dêr sil it entûsjaste sântal yn in ynternaat foar handikapte en weesbern in nije waskromte ôfbouwe. Foar dy misje is finansjele stipe nedich.

It ynternaat
Yn de simmer fan 2007 gie de earste groepsreis nei it ynternaat yn it lytse doarp Hissor. In slim útlibbe ynternaat mei smoarge en bange bern waard oantroffen, mar fol goede moed wist de groep in nij sanitêrgebou te bouwen en de keuken te fernijen. De bern waarden ek net fergetten! Alle dagen waarden ferskate aktiviteiten mei de bern dien. Sy kamen súntsjesoan út harren skulp, se toutsjedûnsen op ien foet, fuotballen mei krukken en koene wer laitsje!

Nettsjinsteande de earmoede, waarden ek de mooglikheden yn it ynternaat besjoen. En dêrom bleau it net by ien groepsreis. Fan 2010 oan en mei 2015 hawwe der alle jierren sokke reizen west. Yn dy jierren binne bygelyks de bêden opknapt, in waskhok fernijd, nije kezinen oanbrocht en de sliep- en klasselokalen oanpakt. De korrupte baas en syn famylje waarden ûntslein en in direktrise kaam oan it roer te stean. Stichting Stype soarge ferskillende kearen yn de wike foar in streksum miel yn it ynternaat en stapke foar stapke naam de oerheid de ôfrûne tiid de renovaasje oer.

Reis 2018
De omstannichheden yn it ynternaat binne de ôfrûne jierren safolle better wurden dat it ynternaat, neffens de standerts dy’t yn Tadzjikistan jilde, op in akseptabel nivo kommen is. Dochs wol de lieding fan it ynternaat de help fan de stichting noch ienris ynroppe. De oerheid is fan betinken no wol genôch dien te hawwen, mar de hjoeddeistige waskromte is feitlik noch altyd in ruïne. Opbetterje hat gjin doel, der moat nij boud wurde. De helpers fan dit jier sille in nije waskromte foar klean en bêdeguod bouwe, of better sein: ôfbouwe. De fundearring, it kasko en de ynstallaasje fan wetter en elektrysk sille yn de kommende moannen troch Tadzjykske bedriuwen oanlein wurde, de groep fan Stichting Stype sil de ôfbou dwaan: betegelje, skilderwurk en ynrjochting.

Finansjele stipe
It is de lêste kear dat der in groep nei Tadzjikistan ôfreizget. It is moai dat de oerheid it oernommen hat! Stichting Stype freget no om finansjele help om de lêste reis mooglik te meitsjen. Dêr kinne de ynternaatbern, mar ek de dielnimmers, tige bliid mei makke wurde. Mear ynformaasje kin jûn wurde troch Stichting Stype: info@stichtingstype.nl of fia www.stichtingstype.nl.

Jild jaan kin fia bankrekkennûmer NL62 RABO 0198 2970 09 o.n.f. Stichting Stype.

july 10, 2018 10:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.