Sterk ferhege konsintraasje GenX yn sleatswetter omkriten Chemours
Resint ferskynd

Trije rivierepunt by Dordrecht (foto: Wikipedia/Debot – lisinsje CC BY.SA 3.0)
Op ferskate plakken yn de omkriten fan gemysk bedriuw Chemours befetsje it sleatswetter en opfongen reinwetter sterk ferhege konsintraasjes fan de gemyske stoffen PFOA en GenX. It RIVM hat de gemeenten Dordrecht, Papendrecht en Sliedrecht tuskentiidsk op ’e hichte brocht oer it ûndersyk nei PFOA en GenX yn wetter fan alve grientetunen yn ’e omkriten fan Chemours. PFOA is al inkelde jierren ferfongen troch GenX, dat ûnder oare by de produksje fan anty-oanbaklagen brûkt wurdt.
Advisearre wurdt om út foarsoarch it sleatswetter en reinwetter net te brûken foar grientetunen of om troch fee drinke te litten. De boaiem fan de grientetunen is wol gaadlik om gewaaksen yn te ferbouwen. Chemours hat de loazing fan wetter dêr’t GenX yn sit de ôfrûne tiid mei 85 persint fermindere, waard tongersdei bekend.
De lokaasjes dêr’t it wetter mei de ferhege konsintraasjes metten is, binne twa sleatten yn Papendrecht, in sleat yn Sliedrecht en in plak dêr’t reinwetter opfongen is yn Sliedrecht. Der sitte gjin feehâlderijen op de lokaasjes. It ûndersyk moat yn septimber klear wêze.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje