SP: “Gjin Nederlânske oersetting fan Steatestikken mear”

july 6, 2018 19:31

De SP yn Provinsjale Steaten neamt it ‘jildfergriemerij’ dat guon fraksjes Steatestikken standert yn it Frysk oersette litte. Neffens de partij is dat hielendal net neidch.

Benammen de PVV en de ChristenUnie litte Frysktalige stikken tige faak oersette yn it Nederlânsk. Dat wurdt dien troch provinsjale amtners en soks kostet jild en tiid. De Steateleden hawwe in wetlik rjocht op de oersettings, mar SP-Steatelid Fenna Feenstra sei juster yn it oerlis fan fraksjelieders dat it om har wol wat suniger koe.

Avine Fokkens fan ‘e VVD reagearre neffens de Ljouwerter Krante nitelich. Hja sei dat se dan ynstee fan 25 oant tritich oeren wyks wol fjirtich oeren mei har wurk dwaande wêze soe, om’t har memmetaal it Nederlânsk is. “Te idioot voor woorden”, neamde se de SP-bydrage.

De ChristenUnie freget yndied faak oersettingen oan foar in Brabânsk en foar in Grinslânsk Steatelid, seit Steatelid Wiebo de Vries. De PVV seit dat dy fraksje eins nea spesjaal oersettings meitsje lit, mar wol gebrûk makket fan Nederlânsktalige stikken dy’t der dochs al binne.

Komsaris fan ‘e kening Arno Brok seit dat Steateleden eins safolle respekt foar it Frysk ha moatte dat hja de Fryske stikken lêze. “En foar wa’t dat dreech fynt, der binne hiele goede kursussen.”

july 6, 2018 19:31
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. LB july 7, 09:28

    Brok, it iennige goede antwurd.

  2. Johannes july 7, 18:27

    Och wat binne it lytse bern de SP, PVV, VVD en Cristenunie dat se gjin Frysk lêze kinne yn Fryslân. Sy moatte harren djip skamje. Leare wol Ingelsk, mar hawwe muoite mei it Frysk. Gean learen jimme domme kreatueren. Blinder Frysk en dan kinne je mei Fyske minsken yn ‘t petear!

  3. * july 8, 09:09

    ga leren…gean hinne en lear

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.