Snitser keunstner Jan Potma eksposearret by Valentijn

july 16, 2018 13:47

Skilderij fan Jan Potma – ôfbylding beskikber steld troch Valentijn

Fan 26 july oant en mei 20 oktober 2018 is der in nije ekposysje te besjen by Bloem en Styling Valentijn. Jan Potma, de betûfte keunstner dy’t ek syn lessen jout by Academie Sneek oan it Grutsân, lit op de eksposysje syn alsidigens sjen mei in grut tal keunstwurken. Fryske keunstners biy gelegenheid fan LF2018 oer it fuotljocht te heljen past yn it tinken fan Galerie Bax.

Jan Potma
Snitser keunstner Jan Potma (1946) folge syn oplieding oan de Keunstakademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Al op 18 jierrige leeftyd wist er op eigen krêft in souder as atelier te hieren. Syn sykrûte yn de keunst rûn oer in soad abstrakte wurken, om úteinlik út te kommen by syn kar: in mear realistyske byldtaal.

Fan 1977 ôf rekke er neist syn keunstnersbestean as grafysk foarmjouwer oan it wurk. Tsjintwurdich is er neist frij keunstner dosint oan syn eigen ‘Academie’ oan it Grutsân yn Snits. Hy jout les yn tekenjen, skilderjen en airbrush.

Stedsgesichten, lânskippen, portretten fan ferneamde persoanen, mar ek kleurrike blommen: mear as ien tema komt oan bod yn syn wurk. De skilderijen yn lytser formaat binne ûntstien by it jaan fan skilderlessen. Potma skilderet faak lykop mei syn kursisten op in eigen paniel om sadwaande sjen te litten hoe’t se omgean moatte mei technyske tûkelteammen. Sa kin er it bêste útlis jaan en bepaalde techniken sjen litte, sûnder dat er it wurk fan in kursist ferbetteret. It lit sjen dat de betûfte keunstner mei in soad tema’s maklik foarút kin.

Eksposysjesouder
Sûnt koarten arbeidzje Redmer Bax en Arnoud de Boer, twa jonge ûndernimmers út Snits, mei-inoar op. Soks om keunst en blommen as joint venture te stimulearjen. Mei it beskikber stellen fan in eardere kursusromte is sûnt ein ferline jier in gearwurkingsferbân ûntstien. Alle stikken dy’t eksposearre wurde binne te keap en kinne nei it ôfrekkenjen fuortendaliks meinommen wurde. Dêr wurdt yk mei ynspile op besikers dy’t fan bûten de stêd op de eksposysje ôf komme.

De eksposysje wurdt tongerstejûn 26 july om 19.30 oere  iepene op de eksposysjesouder fan Bloem en Styling Valentijn. Dêrnei is der gelegenheid foar in hapke en in drankje by i n neipetear. Elkenien is tige wolkom.

july 16, 2018 13:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.