Snein Frysktalich lietefestival yn Riis

july 7, 2018 09:27

© Teatertún Riis

Moarn wurdt yn de Teatertún fan Riis foar de tredde kear it festival ‘Frysk op Riis’ organisearre foar lieten yn it Frysk en de Fryske streektalen.

In wichtige doelstelling fan de organisaasje fan it lietefestival is de rykdom fan de Fryske taal en kultuer sjen te litten. De optredens wurde ferdield oer in grut en in lyts poadium.

It programma sjocht der sa út:

15.00 Tún iepen
15.30 Jan Nota + band (grut poadium)
16.15 Grytz & Grize (lyts poadium)
17.00 Frisicana (grut poadium)
17.45 Trio Bauke van der Woude (lyts poadium)
18.30 Feetwarmers (grut poadium)
19.15 Chris Kalsbeek + band (lyts poadium)
20.00 Sytse Haima + band (grut poadium)

Neffens de organisaasje is it net nedich om kaarten te reservearjen, om’t der plak genôch is.

It entreejild is 15 euro.

 

 

july 7, 2018 09:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*