Skiphol makket him klear foar simmerske topdrokte

july 7, 2018 09:52

Lofthaven Skiphol nimt dit jier, krekt as ferline jier, maatregels tsjin de ferwachte drokte yn de simmerperioade. Fan ’t wykein giet de earste regio, Súd-Nederlân, mei simmerfakânsje. Neffens ferwachting meitsje dêrom de kommende wiken alle dagen mear as 220.000 reizgers gebrûk fan Skiphol.

Foto: pixabay.com

Ferline jier soarge drokte yn de maaiefakânsje foar grutte problemen: tsientallen passazjiers misten harren flecht. Dêrop naam de lofthaven ekstra maatregels foar de simmerperioade en dy binne no ek wer nedich. Sa set de lofthaven bygelyks foar it twadde jier op rige ekstra meiwurkers yn. Reizgers mei in bytsje of gjin hânbagaazje krije foarrang fia in spesjale trochgong. Der komme ek ekstra ynformaasjefoarsjennings en saneamde ‘crowdteams’, dy’t alle passazjiersstreamen by drokte yn goede banen liede moatte.

Nei alle gedachten reizgje fan ’t simmer mear minsken fia Skiphol as ferline jier. Yn totaal giet it om 12,7 miljoen reizgers: 2,4 persint mear as yn de simmer fan 2017. Benammen de freeds en moandeis wurde drok, ferwachtet de lofthaven.

Drokste dei
De drokste dei op Skiphol wurdt ferwachte op moandei 30 july. Dan fleane der 233.000 minsken fan de Amsterdamske lofthaven. Op moandei 6 augustus wurdt ek topdrokte ferwachte. Wenstige populêre bestimmings by ’t simmer fan Skiphol ôf binne it Feriene Keninkryk, Spanje, Italië en Grikelân. Bûten Europa binne flechten nei de Feriene Steaten populêr. Dêr gean alle wiken hast 75.000 minsken hinne. Dat is goed tsien persint mear as foarige simmer.

july 7, 2018 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.