Sineeske amtners knippe stik fan islamityske klean ôf

july 26, 2018 14:05

Sinkian (read) yn Sina (giel). Ofbylding: Wikipedia/Uwe Dedering (Creative Commons).

De Sineeske oerheid hat net safolle op mei religy en benammen net mei de islam. Klean dy’t yn de eagen fan ‘e Sinezen in islamityske identiteit útdrukke, binne ferbean.

Yn de provinsje Sinkiang is ferkeap fan it islamityske hillige boek de Koran sels ferbean. As bekend is dat âlden harren bern in islamityske opfieding jouwe, dan wurde de bern by de âlden weihelle en yn in opfiedingssintrum fan de oerheid ûnderbrocht. De provinsje is tige ôfjage op mooglike radikalisearring: wa’t ynienen ophâldt mei alkohol te keapjen kin al troch de plysje yn ‘e gaten hâlden wurde.

Sinkiang giet no noch in stap fierder, sa skriuwt Trouw hjoed. Hoewol’t boerka’s yn Sina hast net foarkomme, rinne in protte froulju yn in lang, donker gewant. Wa’t dêrmei op ‘e dyk komt, kin tenei oanholden wurde troch meiwurkers fan in nije amtlike ôfdieling, dy’t de oertrêding fuort “oplosse” troch in stik fan ‘e klean ôf te knippen.

Sinkiang wurdt fanâlds bewenne troch de Oeigoeren, in islamitysk folk dat no minder as de helte fan ‘e befolking foarmet. Hja prate fanâlds it Oeigoersk, in taal dy’t nau besibbe is oan it Turksk. De ôfrûne jierren hat Sinkiang ferskate swiere radikaal-islamityske oanslaggen meimakke.

july 26, 2018 14:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.