Simone Djurrema: ûnwennich

july 7, 2018 20:00

Kollum

Minsken freegje wolris oft wy ûnwennich binne. Oer myn man, Hindrik, wie ik noch wolris ûngerêst, want sá seagen jierren lyn ús earste fakânsjes, op in ôfstân fan in oerke riden fan hûs, der ûngefear út: sneon oankomst en útpakke, snein lêste dingen útpakke en wenne, moandei, Hindrik: “De berjochten binne ek net sa goed, miskien kinne we in dei earder nei hûs ta.” Tiisdei, Hindrik: “Moarn mar efkes nei hûs om te meanen” en “De berjochten binne ek net sa goed, miskien kinne we in dei earder nei hûs ta.” Woansdei nei hûs te meanen en: ”De berjochten binne ek net sa goed, miskien kinne we in dei earder nei hûs ta.” Tongersdei mar begjinne mei ynpakken, want freed mar wer nei hûs… Hindrik mei blykber graach thús wêze.

Oant op de dei fan hjoed tinke dus de measte minsken noch hieltyd dat it myn idee wie om hjirhinne te emigrearjen, mar neat is minder wier! It wie Hindrik! Echt wier! De measten ferwachten dat ik dermei kaam, wie want ik hie al ris in jier in Georgia (USA) wenne. Doe wie it wol oars hear, gjin e-mail of skype en belje die ik nachts, want dan wie it goedkeaper en kaam it better út mei de Nederlânske tiid. En skriuwe, skriuwe, dêr wie de ein fan wei! Ik skreau kaarten en brieven, en as de kaarten op wiene stjoerde ik foto´s dêr´t ik op skreau. Ik skreau oantekeningen yn myn aginda en makke foto-albums. En alle dagen stie ik de post op te wachtsjen, want faaks kaam der ek wol wat werom…

No ûnderhâld ik myn kontakten op in oare wize as mei brieven en kaarten. Hindrik is dêr lykwols folle better yn. Ik bin dêr, yn tsjinstelling ta doe’t ik yn de FS wie, lakser yn wurden. De hiele simmer is it drok mei besite en hierders, en yn de winter hawwe we wol wer oare dingen. Mar dat betsjut net dat ik net ynteresearre bin, want as de minsken komme, hawwe we werklik ”kwali-tiid”. Eins is it dan better as doe´t we yn Nederlan wennen, want je kinne yn in koart skoftke tiid aardich wat mei-inoar ôfprate en dat neam ik dan “kostber”. It is eins better!

Wy hawwe dan ek net faak werom west. Ik in pear kear mei it Holland Projekt: dan stie ik op de emigraasjebeurs yn Houten foar de gemeente en bleau ik noch in wike nei de tiid mei ús dochter Ellen. Hindrik hat noch nea werom west yn trije jier en hy hoecht ek net sa nedich. It hat bliken dien dat Hindrik graach thus wêze mei, wêr’t dat dan ek mar wêze mei, en no is dat tafallich hjir yn Sweden.

Dus jimme kinne wol neigean dat we noch hieltyd deselde diskusjes hawwe as we it oer fakânsje hawwe. Ja, wy wenje op in fakansjeplak, dêr bin ik it hielendal mei iens, mar ús wurk giet de hiele simmer troch omdat wy besite en hierders yn de huzen en de caravans krije. Dan moatte hja der wol in kear út, fyn ik. Net tinke: “No koe ik yn ’e tún sitte, mar der moat ek noch ferwe wurde en wosken en… en… en…” Mar nei Fryslan is gjin fakansje, dat is hurd wurkjen, want je wolle fansels safolle mooglik minsken treffe. Dat dit jier geane we yn septimber op fekansje nei… Sweden. Op fjouwer oeren riden, dus nei hûs ta om te meanen wurdt neat. Mar ik hear it him no al sizzen op moandei…

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
july 7, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Anton july 17, 22:19

    Moai hear! En it plakje dêr’t jim sitte is geweldich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.