Samar in simmerdei

july 21, 2018 10:00 Fernijd

Resint ferskynd

It ûndersteande gedicht pleatste Sander Hoekstra op ús Facebook-side. Mear gedichten en ferhalen binne wolkom. Wy sette alle sneonen ien yn de rubryk Ferdivedaasje. Redaksje It Nijs

Foto: Sander Hoekstra

Samar in simmerdei

Oan de eachein trillet de loft,
wylst wolken fan stof yn wylde weagen waaie nei de west.
Ferbaarnd gers leit yn brike brune plakken,
beklaait útdroege boaiem oan de fêste fêst.

Fûgels fleane, fladderje, falle del út ’e loft,
fine in feilich plak yn sleatten en yn puollen.
Sâlt swit hâldt my út de sinne wei,
sykje it skaad ûnder de âld parrebeam om ôf te kuoljen.

Yn ’e fierte raast in ko as keal, klam kâld giet it my oer de lea.
Sa tink ik nei oer it libben mar fral ek oer de dea.
Ik stoareagje oer it lân en sjoch de kleuren ferfaagjen,
ferstoarne maitiid fermingt him mei de skrale waarme wyn.

Ik bliuw efter yn myn tinzen en fal sa stadichoan yn ’e sliep,
dream fan famylje en freonen út in fier ferline.
As ik wekker wurd yn ’e nacht, in pracht fan swart mei stjerren,
kin neat de ein fan dizze simmerdei bedjerre.

Sander Hoekstra

Oerterp, simmer 2018

july 21, 2018 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.