Bywurke: alle jonges en harren trener binne út de grot

july 10, 2018 08:05

Rêdingswurkers yn Tailân binne úteinset mei harren tredde misje om de oare fjouwer jonges en harren coach te rêden út de Tham Luang-grot yn Noard-Tailân. Ut de grot binne, ferdield oer twa dagen, ûnderwilens acht jonges rêden. De rêdingswurkers wolle de persoanen dy’t oerbleaun binne tiisdei tagelyk nei bûten ta bringe.

Foto: pixabay.com

By de rêdingsaksje fan tiisdei wurde njoggentjin dûkers ynset. Net allinnich de oerbleaune jonges en de trener wurde út de grot helle. In dokter en trije leden fan de Taiske elite-ienheid fan it leger komme ek nei bûten ta, sa is it plan. Hja binne sûnt it begjin fan de rêdingsaksje by de jonges yn ’e grot.

Gjin koarts
Mei de jonges dy’t al út de grot binne giet it nei omstannichheden goed. Hja hawwe gjin koarts en ek gjin problemen mei it sicht, nei it ferbliuw fan twa wike yn de tsjustere grot. It fuotbaltiim kaam mear as twa wike lyn fêst te sitten doe’t de grot troch swiere reinfal ûnderstrûpte. By de rêdingsaksje kaam freed in dûker om it libben.

Meditaasje
De trener fan it fuotbaltiim wie earder mûnts. Hy learde de tolve jonges yn ’e grot te meditearjen om sa soerstof en enerzjy te sparjen.

Bywurke 14.15 oere: Alle minsken binne ûnderwilens út de grot helle. De jonges en harren trener wurde de kommende dagen yn it sikehûs ûndersocht. Mooglik ha se ynfeksjes oprûn.

july 10, 2018 08:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.