Rêdingsoperaasje úteinset om fuotbaltiim út Taiske grot te heljen

july 8, 2018 08:42

Yn Tailân binne dûkers úteinset mei de rêdingsoperaasje om tolve fuotballers en harren trener út in grot te heljen dêr’t se al twa wike yn fêstsitte. It sil op syn minst alve oeren duorje om de earste persoanen derút te heljen. De folsleine operaasje kin trije of fjouwer dagen yn beslach nimme, sa wurdt ferwachte.

Foto: pixabay.com

It tiim, besteande út achttjin minsken, is der hielendal klear foar om derút te kommen, neffens de lieder fan de rêdingsoperaasje, de gûverneur fan de provinsje dêr’t de grot is. “It is D-Day”, sei er. “It waar is goed. De wetterstân is geunstich. De dûkers binne der klear foar. De jonges binne fysyk en mentaal by steat om derút te kommen.” De autoriteiten makken yn ’e nacht fan sneon op snein om 05.30 oere Nederlânske tiid bekend dat de operaasje begûn wie.

Om likernôch 05.00 oere giene de earste dûkers op wei nei de jonges. Oan de operaasje yn de Tham Luang-grot dogge trettjin bûtenlânske en fiif Taiske marinedûkers mei. Der is de ôfrûne dagen in protte wetter út de grot pompt, mar snein en moandei wurdt min waar ferwachte mei mooglik swiere tongerbuien.

De fuotballers fan tusken de alve en sechtjin jier âld en harren 25-jierrige coach moatte fjouwer kilometer yn ’e grot ôflizze om wer bûten te kommen, mar dat is net maklik. Der binne hellings, droege stikken en plakken dêr’t dûkt wurde moat. Hja wurde allegear holpen troch twa dûkers. Freed kaam in dûker mei in protte ûnderfining yn ’e grot om it libben.

De tolve jonges en harren trener sitte sûnt 23 juny fêst, doe’t se nei in oefenwedstriid de grot ferkenden. Hja waarden troch stiigjend wetter oerfallen en de grot rûn foar in part ûnder. De ôfrûne dagen groeide it besef dat de operaasje fluch úteinsette moast, om’t it troch de driigjende moesonrein aanst noch dreger wurdt om de jonges derút te heljen.

july 8, 2018 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.