Presintaasje boekje en app Taal fan it hert

july 14, 2018 20:19

Op 17 july presintearret Provinsje Fryslân it boekje en de app Taal fan it hert yn MeM Livingroom of Languages yn de Ljouwerter Prinsetún. Yn it boekje en de app Taal fan it hert komt men mear te witten oer Fryslân, de Friezen en it Frysk. It boekje is nijsgjirrich foar Friezen likegoed as foar net-Friezen. De Provinsje stelt it boekje en de app fergees beskikber yn fjouwer talen: Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk.

Taal fan it hert
It Frysk spilet in wichtige rol yn ‘e provinsje. It is de memmetaal fan mear as de helte fan alle ynwenners en yn it deistich libben nimt it in belangryk plak yn. It is de taal fan thús, dêr’tst yn lakest of lilk yn bist. De taal dy’t it tichtst by dyn gefoel stiet; it is de taal fan dyn hert.

App
By it boekje ferskynt ek in app. Yn de Taal fan it hert-app is oanfoljend materiaal te finen oer ûnderwerpen yn it boekje. De app befettet ek in GPS-kuierrûte troch Ljouwert. Dy giet by plakken en ikoanen mei in grutte betsjutting foar it Frysk lâns.

Der wurde ek de swietste snoepkes yn de moaiste taal presintearre: de Fryske hertsjes.

july 14, 2018 20:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*