Presintaasje boekje en app Taal fan it hert

july 19, 2018 13:54

Sietske Poepjes – foto: Provinsje Fryslân

Yn MeM Livingroom of Languages yn Ljouwert is it boekje en de app Taal fan it hert presintearre. Deputearre Sietske Poepjes oerhandige de earste eksimplaren oan Friezen dy’t foar it boekje ynterviewd waarden. It boekje en de app jouwe ynformaasje oer Fryslân, de Friezen en it Frysk. Provinsje Fryslân stelt se fergees beskikber yn fjouwer talen: Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk.

De Provinsje wol de besikers en ynwenners fan Fryslân graach yn ’e kunde bringe mei de rykdom fan de Fryske taal. De skiednis fan it Frysk en de posysje fan de Fryske taal no en eartiids komt ek oan ’e oarder. Poepjes: “It Frysk spilet in wichtige rol yn ús provinsje. It is de memmetaal fan mear as de helte fan alle ynwenners fan Fryslân. Yn it deistich libben nimt it in belangryk plak yn. Foar Friezen, en ek foar my is it de taal dy’t it tichtst by dyn gefoel stiet; it is de taal fan it hert.”

App
De boekjes binne te krijen by ûnder mear Afûk, Fryske Akademy, Obe (Lân fan Taal), LF2018, MeM Livingroom of Languages, VVV Ljouwert, Tresoar, HCL en provinsje Fryslân. Yn de Taal fan it hert-app is oanfoljend materiaal te finen oer de ûnderwerpen yn it boekje. De app befettet ek in kuierrûte troch Ljouwert. De rûte giet by ferskate plakken mei in grutte betsjutting foar it Frysk en ferskillende Fryske ikoanen lâns.

By de presintaasje binne de ‘Fryske hertsjes’ ek lansearre: ‘de swietste snoepkes yn de moaiste taal’. Dy bekende fruchtehertsjes mei Fryske wurden derop binne spesjaal foar dit projekt makke troch Fortuin út Dokkum. De hertsjes binne te krijen by VVV Ljouwert en de Afûk

Link nei de app yn de App Store: https://itunes.apple.com/nl/app/taal-fan-it-hert/id1385035493?mt=8
Link nei de app yn Google Play: https://play.google.com/store/apps/details?id=nl.fryslan.tfih&hl=nl

july 19, 2018 13:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.