Pomp tankstasjons soms leech troch tekoart oan sjauffeurs en drûchte

july 20, 2018 10:55

Tankstasjons yn hiel Nederlân moatte soms nee ferkeapje om’t de pompen simpelwei leech binne. Under oare troch in tekoart oan sjauffeurs slagje de oaljemaatskippijen en harren transporteurs der net altyd mear yn om op ’e tiid by te foljen. De oanlûkende ekonomy, de drûchte en de fakânsje spylje ek in rol. It giet foaral om de ûnbemanne pompen.

Foto: pixabay.com

Pompen sitte soms dagen sûnder gewoane benzine en dat kostet omset. De oanlûkende ekonomy yn de breedte hat ek effekt. Mear files en mear ferbrûk fan benzine. Ofrûne wykein gie in part fan Nederlân op fakânsje. Dan wurdt der altyd in protte tankt en kin hjir en dêr in pomp leech reitsje. De drûchte draacht ek by oan langere levertiden. Skippen dy’t út Rotterdam wei oan brânstofdepots yn it binnenlân leverje, meie net mear maksimaal beladen wurde fanwege de lege wetterstân yn ’e rivieren. Yn depots yn bygelyks Arnhim en Kampen is minder brânstof. Dus moatte sjauffeurs soms nei Rotterdam ride om it dêr te heljen en dat kostet mear tiid.

july 20, 2018 10:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.