Orizjinele Escher foar 100.000ste besiker yn Frysk Museum

july 15, 2018 15:45

Amper alve wike nei de iepening fan Escher op reis ferwachtet it Fries Museum fan ’e wike de hûnderttûzenste besiker. Om dat te fieren docht it museum yn Ljouwert de lokkige besiker in orizjinele print fan Maurits Cornelis Escher kado. Om hokker wurk it giet, bliuwt noch in ferrassing.

Escher op reis (foto: Ruben van Vliet)

Op 28 april waard Escher op reis yn it Frysk Museum iepene. Mei de oerweldigjende besikersoantallen en ynternasjonale media-oandacht is de útstalling in ferskuorrend grut sukses. Dat de útstalling de magyske grins fan hûnderttûzen besikers berikt yn minder as trije moanne tiid oertreft alle ferwachtingen. Omdat de útstalling geregeldwei útferkocht rekket, riedt it museum oan om yntreekaarten foarôf online te bestellen. Dêrmei binne besikers wis fan tagong op de dei en tiid dy’t sy winskje. Escher op reis is noch te sjen oant en mei 28 oktober.

Moandeis iepen
Yn ferbân mei de oanhâldende belangstelling foar de Escherútstalling hat it museum al twaris de iepeningstiden ferromme. It museum is yn july en augustus ek op moandei iepen fan 13.00 oant 17.00 oere (mei útsûndering fan moandei 30 july). Fan tiisdei oant en mei snein is it museum iepen fan 10.00 oant 17.00 oere.

Escher op reis
It Fries Museum hellet M.C. Escher werom nei syn berteplak Ljouwert. Yn Escher op reis is syn ûntwikkeling fan grafysk talint oant wrâldferneamd keunstner te folgjen. Mei mear as tachtich orizjinele printen, sa’n tweintich tekeningen en ferskate foto’s en foarwerpen stappe wurdt it spoar fan de grafikus dy’t graach reizgje mocht, neigien.

july 15, 2018 15:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.