Oankomst prosesje Swarte Haan en startsein Nacht oan it Waad

july 25, 2018 08:28

Arsjitekt Nynke-Rixt Jukema en wethâlder Jan Dijkstra ferrjochtsje iepeningshanneling

Markearring pylgerrûte yn Sint Jabik (foto: Wikimedia Commons /Gouwenaar-publyk domein)

Sint-Jabik is woansdei it einpunt fan de Camino fan de Lege Lannen. Sa’n 500 pylgers dy’t de ôfrûne moannen ferskate tochten troch Nederlân rûn ha, komme hjoed yn it noarden fan Fryslân oan. Nei in mienskiplik miel sette de pylgers om 19.00 oere yn prosesje ôf nei it echte einpunt: Swarte Haan. Under de pylgers binne ek teatermakker en muzikant Tjerk Ridder. De oankomst fan de prosesje is tagelyk it startsein foar it festival Nacht oan it Waad.

It festival wurdt iepene troch arsjitekt Nynke-Rixt Jukema en wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke. Hja sille inoar in ‘hân fan gips’ jaan. Troch de hânôfdruk kriget it gips de foarm fan de wulk, it teken fan it Nederlânske part fan it Sint-Jabikspaad. Besikers fan it festival wurde útnoege om inoar ek de hân te jaan. It gips moat likernôch tsien minuten droegje, in moaie gelegenheid foar sokke dielnimmers om dan mei-inoar yn ’e kunde te kommen.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.nachtaanhetwad.frl.

july 25, 2018 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.