Nije lieder Partido Popular wol pro-Katalaanske partijen ferbiede

july 23, 2018 12:51

Pablo Casado Blanco (foto: Wikipdia/Partido Popular Madrid, Creative Commons)

As it oan de nije foaroanman fan de Spaanske Partido Popular leit, dan wurde de partijen dy’t foarstanner binne fan in ûnôfhinklik Kataloanië allegear ferbean. It partijkongres fan de konservative partij hat snein Pablo Casado Blanco keazen as opfolger fan Mariano Rajoy Brey, dy’t ferline moanne partijlieder-ôf waard, nei’t er fanwegen korrupsje troch it parlemint as premier ôfset wie.

Hoewol’t Rajoy Brey ynternasjonaal in soad krityk krige foar syn hurde oanpak fan Katalaanske politisy en amtners, is Casado Blanco fan betinken dat syn foargonger fierste mijen west hat. Rajoy hat Katalaanske parlemintsleden, ministers, hege plysjes en oare amtners oppakke litten, de macht yn Kataloanië oernommen en de werbeneaming fan de Katalaanske presidint Carles Puigdemont opkeard. Casado Blanco seit: “Wy moatte net reagearje, mar foarkomme”. Alle partijen dy’t pleitsje foar feroaring fan de Spaanske grinzen wol er simpelwei ferbiede. Casado Blanco pleite der sels okkerdeis noch foar dat Spanje syn grinzen slute soe, as protest tsjin de útspraak fan in Dútske rjochter dat Puigdemont net útlevere wurde soe foar lânferrie. “As ik lieder fan ‘e Partido Popular west hie”, sei er, “soe Spanje sa’n fernedering nea akseptearre hawwe.”

Utsprutsen ideeën

De 37-jierrige Pablo Casado Blanco is in stik jonger as syn foargonger. In protte fan syn oanhingers hoopje dat er troch syn leeftyd jonge stimmers foar de Partido Popular winne kin. Syn tsjinkandidaat wie Soraya Sáenz de Santamaria, de eardere fise-premier, dy’t lykas Rajoy Brey ôfset wurden is. Hja is wat minder útsprutsen as Casado Blanco. Nei’t it Katalaanske parlemint ûntbûn wie, hat hja in skoft út namme fan it Spaanske regear de macht útoefene yn Kataloanië.

Net allinne wat Kataloanië oanbelanget hat Casado Blanco útsprutsen ideeën. In partijlid út Valencia fette de stânpunten fan de nije partijlieder by dy syn ferkiezing sa gear: “Hy stiet foar de ienheid fan Spanje, de húshâlding, it rjocht op libben, in ferbod op eutanasy.”

july 23, 2018 12:51
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Tinus july 23, 19:16

    Bin ik bliid dat ús foarteam yn de jierren 1560 it foartouw naam ha om harren fan Spanje ôf te skieden. Oars hiene we hjoed de dei it selde gesoademieter hawn mei dit soarte lieders

  2. Bolle july 23, 22:48

    Europa 2018: de ein fan demokrasy, minskerjochten, frijheid fan utering, fan gearkomste, fan demonstraasje, fan feriening …
    Wêr bliuwt de lilkens fan de Europeeske “bruorren”, dy’t oars de mûle fol hawwe?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.