Mooglik nije maatregels by drûchte yn Fryslân

july 23, 2018 16:07

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De kâns is grut dat der yn ferbân mei de drûchte, op grûn fan de aktuele situaasje yn it beheargebiet fan Wetterskip Fryslân (Fryslân en it Grinzer Westerkertier), nije maatregels nommen wurde. Nei alle gedachten sille de ôfspraken dy’t Rykswettersteat mei de Nederlânske wetterskippen makke hat fan krêft wurde. Woansdei 25 july nimt de Lanlike Koördinaasjekommisje Wetterferdieling (LCW) dêr in beslút oer. No is de fraach nei wetter, fan de njoggen wetterskippen om de Iselmar hinne, yn lykwicht. By de waarsfoarútsichten fan hjoed wurdt de fraach grutter as it wetteroanbod.

Bereiningsferbod
As de ôfspraken yn wurking geanet, folget in bereiningsferbod. Dat is in maatregel út de earste faze fan in rige fan ôfspraken.

Regionale wetterkearingen feilich
De ynspeksjes fan de regionale wetterkearingen yn Fryslân binne klear. Fjirtich rayonbehearders en muskusrottebestriders fan Wetterskip Fryslân hawwe 600 kilometer wâlen op feangrûn ynspektearre. De earste yndruk is goed. Op guon plakken docht it wetterskip kommende wike fierder ûndersyk.

Wetterkwaliteit wurdt minder
Yn it simmerskoft nimt Wetterskip Fryslân op goed tritich lokaasjes om de twa wiken wettermeunsters. Dan mjit it wetterskip oft der baktearjes en blau-algen yn it wetter sitte dy’t sykten oerbringe kinne. Troch de oanhâldende drûchte en hege temperatueren wurdt de wetterkwaliteit hurd minder. Swimme yn iepen wetter is dêrtroch in hieltyd grutter risiko.

Belutsen partijen útnûge
Wetterskip Fryslân nûget hjoed, moandei 23 july de partijen dy’t belutsen binne by drûchte yn it beheargebiet fan it wetterskip út. Marian Jager, loko-dykgraaf fan Wetterskip Fryslân: “As wetterskip fine wy it wichtich om de belanghawwenden sa goed mooglik te ynformearjen.”

july 23, 2018 16:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.