Minister Blok: mear kultueren yn ien lân jout strideraasje

july 18, 2018 12:51

Stef Blok (foto: Wikipedia/Nederlânsk ministearje fan útlânske saken, Creative Commons)

“Noem mij een voorbeeld van een multi-etnische of multiculturele samenleving, waar de oorspronkelijke bevolking nog woont en waar een vreedzaam samenlevingsverband is. Ik ken het niet.” Dat seit minister fan útlânske saken Stef Blok. Neffens him bestiet sa’n lân net. Hy hat syn amtners opdracht jûn om út te sykjen oft der earne in lân is dêr’t ferskate kultueren wol freedsum neistinoar besteane.

In protte ymmigraasje kin der neffens Blok foar soargje dat “een samenleving tegen haar grenzen aanloopt”. Hy sei dat net elkenien dat yn ‘e rekken hat: “Als je in Benoordenhout woont, is het hartstikke leuk om op zondag naar de Turkse bakker te gaan. Je hebt ook geen last van een aantal bijeffecten. Maar als je er midden in woont, heb je enorm last.”

Neffens de minister sit yn ‘e genen dat minsken net maklik “een binding aangaan met ons onbekende mensen”.

Blok die syn útspraken ferline wike op in gearkomste mei Nederlânske meiwurkers fan ynternasjonale organisaasjes. Dêr joech in oanwêzige Suriname as mooglik tsjinfoarbyld. Blok wie it dêr net mei iens. Hy neamde Suriname in “failed state” (mislearre steat) en sei: “Dat heeft ernstig te maken met de etnische opdeling.” It foarbyld fan Singapore wie mooglik wol goed, mar de minister sei dat Singapore tige selektyf is yn it talitten fan nije minsken. Neffens Blok die er de útspraken “om te prikkelen”.

july 18, 2018 12:51
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Verritus july 23, 22:31

    Einlings immen dy’t de wierheid sizze doart …

  2. Rob july 23, 23:06

    Ik wenje sels yn in multikultibuert en bin it hielendal iens mei earste twa sinnen fan dit artikel. Der wurdt eins nea in antwurd op joen mar de minister moat wol troch it stof. Troch it taboe te hâlden wurden de tsjinstellings allinich mar grutter.

  3. Johannes july 24, 14:56

    It is hiel maklik om te sizzen: Ik bin it mei dizze VVD’er iens. It is net sa dat der strideraasje is, de measte minsken binne frede-leavjend en wolle gjin striid. Ek ûnder Nederlanners binne in pear minsken dy dogge oan ferdiel en hearskje (VVD, PVV, Baudet). Er hawwe hjirre altiten mear folken west. Bygelyks “De Friezen, Saksen en Franken”. Dy stride mei wurden en net mei swurden.

  4. Poppo july 26, 12:46

    Blok sist allinnich dat hy gjin multikulty steat ken sûnder strideraasje en hy lit syn amtners útsykje oft dy’t dochs bestean. Nei alle gedachten tinkt Johannes mei “hjirre” oan de hjoeddeiske Staat der NederlandEN, in geografysk en yn tiid beheinde sintralisearre konstruksje fan tolve landen, yn De Haach provinsjes (wingewesten) neamd. Faaks is it nuttich om bygelyks op it internet ris nei te sjen hoe de Franken mei gewelt godstsjint en (sels)bestjoer fan de Friezen en de Saksen deadien hawwe en hjarren landen beset hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.