Menpaad feestlik iepene

july 28, 2018 14:00

foto: Nanne Nicolai

It nije menpaad tusken Wâlterswâld en Broeksterwâld is sneon iepene. In menpaad is in paad bedoeld foar menners mei harren hynder en wein. Mei de komst fan it paad giet in grutte winsk fan de streek yn ferfolling. De provinsje Fryslân en gemeente Dantumadiel hawwe it paad oanlein yn it ramt fan de Gebietsûntwikkeling De Sintrale As.

Deputearre Johannes Kramer iepene it nije menpaad troch as earste in ritsje te meitsjen mei hynder-en-wein. Dat die er mei Lenet Venekamp, foarsitster fan de Paardendagen, en wethâlder Kees Wielstra. Deputearre Kramer leit út: “Wy wurkje yn ‘e mande mei de omlizzende gemeenten fan ’e Sintrale As oan it gebiet om de dyk hinne. By de útwurking fan de plannen joegen de minsken út de streek oan dêr graach ruter- en menpaden hawwe te wollen. De oplevering fan it paad is moai op ’e tiid; dit wykein kinne menners der by de hynstedagen al gebrûk fan meitsje.”

It paad
Earder waard al in menpaad oanlein by Broeksterwâld, tusken de Dammeloane en de Johannes Durksloane. It nij iepene diel slút dêr direkt op oan. Sa ûntstiet der in moaie menrûte. De hynstedagen duorje fan tongersdei 26 july oant en mei snein 29 july. Menners brûke it paad om mei harren hynders yn en út te riden foar en nei de wedstriden.

Gebietsûntwikkeling De Sintrale As
De Sintrale As leit der, mar no is it gebiet oan bar. Yn ’e mande mei gemeenten, maatskiplike organisaasjes en ynwenners moat it gebiet noch moaier, sterker en oantrekliker makke wurde foar eigen ynwenners en toeristen. Dat bart bygelyks troch natuer te ûntwikkeljen, de leefberens yn doarpen te fergrutsjen, lânboustruktuer fuort te sterkjen en nije fyts- en kuierpaden oan te lizzen. Dy fêststelde maatregels en projekten foarmje de gebietsûntwikkeling.

july 28, 2018 14:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.