‘Lytse Matteus’ fan De Jouwer behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

july 9, 2018 19:30

foto makke troch ien fan de âlden

Twa liedsters – Rianne Leemburg en Marijke Boonstra – fan ‘Lytse Matteus’, pjutte-opfang fan SKIK op ‘e Jouwer, hawwe it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ krige. Dy lokaasje stimulearret sûnt twa jier de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sjoeke Kampen, dy’t harren begelaat hat, koe harren it sertifikaat oerlangje. De âlden wiene foar dy feestlike gelegenheid ek útnûge. Foar de bern wie der in muzykaktiviteit troch Hinke Strien organisearre.

Twatalichheid op Lytse Matteus
SKIK is in organisaasje dy’t ûnder mear pjutte- en berne-opfang biedt yn De Fryske Marren. SKIK hat de twataligens as yntegraal ûnderdiel fan it VVE-belied opnommen en alle lokaasjes wurkje dermei. Op Lytse Matteus praat Rianne Frysk mei alle bern en Marijke docht dat yn it Nederlânsk. Frijwillichster Yvette praat ek Nederlânsk. Beide talen krije omtinken yn it aktiviteiteoanbod.

By it sertifisearringstrajekt krige Lytse Matteus begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. Dêr binne goed 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes by oansletten.

july 9, 2018 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.