Kulturele haadstêden ynearsten gjin spitsen wer

july 12, 2018 20:04

De Malteeske minister Owen Bonnici (foto: Omrop Fryslân)

De bannen tusken Fryslân en Malta binne net better wurden nei in moeting tongersdei mei de minister fan Justysje en Kultuer fan Malta, Owen Bonnici.

De minister wie hjir om antwurd te jaan op fragen oer de moard op sjoernaliste Daphne Caruana Galizia yn oktober 2017. Benammen oer de útspraken fan de direkteur fan Kulturele Haadstêd Valletta ûntstie opskuor. Hy hie in grap op Twitter makke oer de lêste wurden fan de sjoernaliste dy’t maffia, fraude en oare praktiken oan de kaak stelde op it eilân. De minister woe dêr no gjin miening oer jaan, útsein dat der frijheid fan mieningsutering is. Hy werhelle in pear kear dat elk dêr rjocht op hat.

Dêrmei is de kjeld net út de loft, seit deputearre Sietske Poepjes. “As ien fan in kulturele stifting soks seit oer de fermoarde sjoernaliste, hearsto dan as politikus net te sizzen dat it te fier giet? Yn Fryslân hienen we dat wol dien.” Poepjes wie wol bliid dat Bonnici yn Fryslân wie: “Goed dat we dizze diskusje yn it iepenbier hân ha mei in man dy’t him ferdigenje koe. Mar de útkomst wie teloarstellend. Dat ha ik ek tsjin him sein by it útswaaien.”

Oer de moard sei Bonnici dat Malta der alles by opsette sil om de “wrede moard” op te lossen. Hy die lykwols gjin ôfstân fan de útspraken fan de baas fan de organisaasje dy’t miende dat it betinkingsplak wol fuort koe. “Ik tink dat elkenien it rjocht hat om syn miening út te sprekken.”

Dat wie foar LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum net genôch. “Vrijheid van meningsuiting is niet een dekmantel voor alles. Hij doet uitermate z’n best om niet echt te zeggen wat-ie vindt. Hij loopt er in al z’n interviews omheen.”

Nei de moeting binne LF2018 en V2018 net samar wer ‘on speaking terms’, seit Van Bekkum. Dan moat Malta earst in stap sette nei in bettere relaasje. “De culturele projecten gaan gewoon door. Maar als directie gaan we niet meer naar Malta, niet naar de afsluiting. En zij niet ook niet naar onze afsluiting, want we gaan dit statement wel stevig overeind houden.”

Boarne: Omrop Fryslân

july 12, 2018 20:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.